Yn Nijsmakkers prate Roelof, Janko, Arjen en Laura oer it nijs yn Fryslân. Oer Femke Kok, oer aaisykjen en oer...Janko syn film.
Yn Nijsmakkers beprate we it nijs en it libben yn Fryslân. Dizze wike ha we it oer Sybrand Buma, dy't mooglik de vice-presidint wurdt fan de Ried fan State. Ha we it oer de das op De Lemmer, domme ynfluencers yn Dubai en oer in riedlid yn Ljouwert dy't de Gemeentewet skeind hat.
Yn Nijsmakkers prate we dizze wike oer de Fryske boeren yn Boer zoekt Vrouw, ha we it oer de patat fan Kening Willem-Alexander en hoe sit it krekt mei de nije klip fan de Doelleazen?
Yn Nijsmakkers ha we it oer Femke Kok, Jorrit Bergsma en de Olympyske Spelen. Hat Janko in goeie tip fan de beppe fan Miranda en besprekke we hoe't je gryp tsjin gean moatte..
Yn Nijsmakkers prate we oer de Olympyske Spelen en it ynterview mei Kening Willem Alexander, is de útspraak oer it GHB-ûngemak dúdlik en ha we it oer de dolfyn Djay-Lynn..
Yn Nijsmakkers prate we oer de koade read fan dizze wike, oer it fertrek fan Cambuur-direkteur Ard de Graaf en oer in lulke Joost Klein.
Yn Nijsmakkers ha we it oer de pyromaan yn Huzum, beprate we it ûngemak wêrby in frou mei GHB efter it stjoer siet en sykje we út wat de magy fan de Ryptsjerksterpolder is.
Jou dy op foar it Nijsmakkers mannenkoar! Mail nei roelof.devries@omropfryslan.nl. We ha it ek oar de woartels fan Boer Bram, we stelle de fraach ofsto wolris lêst fan Hermes hast en we ha it oer Fryske prate yn de finzenis.
De brân yn it sintrum fan Ljouwert wie belangryk nijs dizze wike. Janko socht út wa't der yn it bakje sitte mei wêryn't blust wurdt. En we beprate de hynstekeuring, hoe wurket it mei fokke en it sied fan in hynder. It KNMI is net sa posityf oer de komst fan de âlvestêdetocht. En we ha in gast: Roelof de Vries. Mar dan dy leuke.
Supermerken besoargje troch it waar net by Janko. En dêr fynt hy wat fan. Mar wy fan Nijsmakkers ha ek in hiel soad plezier belibbe oan it sniewaar. al ha we us dan ek wer ergere oan hoe't se omgean mei reedrider Tim Prins.