Sportcast: "Jens Odgaard sil de folgjende penalty net nimme"

In nije Sportcast en dat komt goed út, want der is in protte om oer te praten: SC Hearrenfean spile wer lyk, SC Cambuur komt moandei yn aksje, hoe giet it mei Epke Zonderland syn holtes en hoe docht Michel Vlap it yn België? De presintaasje is yn hannen fan Jantine Weidenaar. Sy besiket ferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer yn de stringen te hâlden.
© Omrop Fryslân
Sportcast 23 septimber
De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.
SC Hearrenfean koe snein wer net winne yn it eigen stadion. Tsjin FC Utrecht waard it 1-1. Spits Jens Odgaard miste in penalty. In pear wiken lyn, tsjin Feyenoord, slagge it him ek al net om in strafskop te benutten. Arjen de Boer tinkt dat de Deen foarearst gjin penalties mear nimme sil: "Ik tink dat de folgjende no oan de beurt is. Ik soe it in logyske kar fine as Hicham Faik no de penalties nimt."
Ek de posysje fan Sherel Floranus stiet ter diskusje. De rjochtsback liet him ferrasse by de goal fan Utrecht. Roelof de Vries freget him yntusken ôf hoe min oft Ricardo van Rhijn wêze moat no't er no noch gjin basisplak hat.

Kompetysjeferfalsking

SC Cambuur spilet moandeitejûn yn Eindhoven tsjin Jong PSV. Dy ploech stiet ûnderoan yn de Keuken Kampioendifyzje, mar it kin samar ris in drege wedstriid wurde foar Cambuur, want wa spilet der mei by Jong PSV? De Boer: "De iene kear moatte je tsjin jonges fan it earste en dan wer tsjin in jongereinsteam. Je witte net wêr't je oan ta binne." Roelof de Vries sprekt sels fan 'kompetysjeferfalsking'.

Epke syn holtes

Noch hieltyd is it ûnwis oft Epke Zonderland yn de seleksje fan it WK yn Stuttgart opnommen wurdt. Zonderland hat al in hiele tiid lêst fan de foarholtes. No liket er fit genôch te wêzen en is it oan de bûnscoach om út te meitsjen of er meigiet nei it WK. Al is it foar Andor Faber wol dúdlik: "Je kinne it as bûnscoach net útlizze as je Epke net meinimme nei it WK."
Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy alle moandeis by oer al it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar. Alle Sportcasts beharkje? Klik hjir.