Supporters raze Cambuur De Graafschap net foarby; it hoegde ek net mear

30 apr 2021 - 21:49

Ien punt en in eareronde foar eigen publyk, mear hat SC Cambuur net oerholden oan de wedstriid tsjin De Graafschap. Mear wie ek net nedich, promoasje en it kampioenskip wiene al feilichsteld. De nûmers ien en twa fan de earste difyzje ferdielden de punten. It waard 1-1 yn it Ljouwerter Cambuurstadion.

Foto: Orange Pictures

Foar it earst yn mear as in heal jier wiene der wer supporters by in wedstriid yn it Cambuurstadion: 2400 yn totaal. En al foar de ôftraap lieten se fan har hearre, mei fjoerwurk, hurde muzyk en in grut spandoek op de easttribune. Spilers en stêf fan De Graafschap foarmen in earehage, doe't de mannen fan Cambuur it fjild om kamen, om se te felisitearjen mei it kampioenskip. Dat hat Cambuur in wike lyn al feilichsteld.

Nei in healoere wie middenfjilder Michael Breij fan Cambuur de earste dy't in doelpunt makke. Hy skeat yn eigen goal, nei in hoekskop fan De Graafschap. Foar dy klup kaam de foarsprong út it neat. De Superboeren kamen der yn de begjinfaze fan de wedstriid eins net oan te pas. By Cambuur wie de skerpte fuort, nei wiken fan promoasje- en kampioensfeesten, en noch in helikopterflecht yn it foarútsjoch. De Ljouwerters begûnen mei in 0-1 achterstân oan de twadde helte.

Yn it begjin fan de twadde helte wie it fjoer fier fuort, dêr't Cambuur de wedstriid mei fan start gong, mar mei in enorme knal skeat Giovanni Korte Cambuur op likense hichte. Fan de 2400 supporters yn it stadion wie der net ien mear dy't siet. Foar it earst sûnt septimber waard der yn it stadion wer meisongen mei It Woanskip. Trainer Henk de Jong klapte yn de hannen fan blydskip. En miskien ek wol fan grutskens.

De Graafschap wie tefreden mei it lykspul. Mei noch tsien minuten te gean hold de keeper de bal sa lang mooglik oan de foet, wachtsjend op druk fan Cambuur. Dy druk kaam der net. Cambuur hoegde ek net mear. Einstân: 1-1.

Sneon wurde de mannen fan SC Cambuur huldige, omdat se kampioen wurden binne yn de earste difyzje. Mei helikopters fleane se dan oer Ljouwert. Dat is fan 13:00 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje, op omropfryslan.nl, en yn de app fan Omrop Fryslân.

SC Cambuur - De Graafschap 0-1 (1-1) 31. 0-1 Breij (eigen doelpunt), 60. 1-1 Korte.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Mac-Intosch (81/Nieuwpoort), Schouten, Schmidt, Bangura; Hoedemakers, Oratmangoen (46/Paulissen), Breij (57/Maulun); Doodeman (46/Korte), Mühren, Kallon (85/Sambissa).

(Advertinsje)
(Advertinsje)