De Omrop-app

Wolkom by Omrop Fryslân!

It lêste nijs út Fryslân of het laatste nieuws uit Fryslân? De website en app van Omrop Fryslân is tweetalig, evenals deze tekst. Scroll naar onderen voor de Nederlandse tekst.

Mei de app fan Omrop Fryslân:

  • Bisto as earste op 'e hichte fan it lêste nijs út Fryslân
  • ​Kinsto it nijs yn it Frysk én yn it Nederlânsk folgje
  • Sjochsto wat de ympekt fan it nijs is yn dyn regio
  • Kinsto reagearje op fragen en priisfragen yn ús radioprogramma's
  • Misto neat fan it nijs dat foar dy belangryk is. Skeakelje 'notifikaasjes' yn foar ûnderwerpen dêr'tsto in melding fan ûntfange wolst.

Bliuw op 'e hichte fan it Fryske nijs en download de Omrop-app yn de App Store of Google Play Store.

Get it on Google Play
 

Al it Fryske nijs op Android, iPhone of iPad

Mei de nijsapplikaasje fan Omrop Fryslân hast altyd en oeral tagong ta it Fryske nijs. Omrop Fryslân jout omtinken oan nijs, mar ek oan sport en kultuer. Fansels is ek it aktuele waarberjocht fan Piet Paulusma yn de app te besjen, mei de foarútsjoggen en de buienradar.

By grutte nijssaken en foarfallen krigest in notifikaasje, sa hâldt Omrop Fryslân dy op 'e hichte fan it belangrykste nijs. Notifikaasjes ynskeakelje kin fia it menu rjochtsboppe.

Utstjoering mist en live Omrop Fryslân sjen

Op dyn telefoan, tablet of desktopkompjûter kinst alle programma's fan de omrop weromsjen. Dat kin ek mei de Omrop-app. Alle telefyzjeprogramma's binne te sjen yn de app en maklik te finen.

Do kinst mei de app altyd en oeral live sjen nei telefyzje en live harkje nei radio (92.2 FM). Ek hast tagong ta Teletekst en temakanalen lykas it Koperkanaal en Alles Frysk. Omrop Fryslân hat in grut ferskaat oan Fryske podcasts lykas de SportCast en Bonkerak, ek dy binne te finen yn de Omrop-app.

Stjoer in berjocht nei Omrop Fryslân

Reagearje op in fraach yn in radioprogramma of meidwaan oan in spultsje? Troch op 'appke' te drukken yn de Omrop-app kinst maklik en fluch in berjocht stjoere nei Omrop Fryslân.

Met de app van Omrop Fryslân:

  • Ben je als eerste op de hoogte van het laatste nieuws uit Fryslân
  • Kun je het nieuws in het Fries én in het Nederlands volgen
  • Zie je wat de impact van het nieuws is in jouw regio
  • Kun je reageren op vragen en prijsvragen in onze radioprogramma's
  • Mis je niks van het nieuws dat voor jouw belangrijk is. Schakel notificaties in voor onderwerpen waar jij een melding van wilt ontvangen.

Door aan de onderzijde in de app op het icoon 'NL' te drukken worden alle berichten in het Nederlands weergegeven.

Blijf op de hoogte van het Friese nieuws en download de Omrop-app in de App Store of Google Play Store.

Get it on Google Play
 

Al het Friese nieuws op Android, iPhone of iPad

Met de nieuwsapplicatie van Omrop Fryslân heb je altijd en overal toegang tot het Friese nieuws. Omrop Fryslân geeft aandacht aan nieuws, maar ook aan sport en cultuur. Natuurlijk is ook het actuele weerbericht van Piet Paulusma in de app te bekijken, met de vooruitzichten en de buienradar.

Bij grote nieuwsgebeurtenissen en voorvallen krijg je een notificatie, zo houdt Omrop Fryslân je op de hoogte van het belangrijkste nieuws. Notificaties inschakelen kan via het menu rechtsboven.

Uitzending gemist en live Omrop Fryslân kijken

Op je telefoon, tablet en desktopcomputer kun je alle programma's van de omrop terugkijken. Dat kan ook met de Omrop-app. Alle televisieprogramma's zijn te zien in de app en gemakkelijk te vinden.

Je kunt met de app altijd en overal live kijken naar televisie en live luisteren naar radio (92.2 FM). Ook heb je toegang tot Teletekst en themakanalen zoals Koperkanaal en Alles Frysk. Omrop Fryslân heeft een grote verscheidenheid aan Friese podcasts zoals de SportCast en Bonkerak, ook die zijn te vinden in de Omrop-app.

Stuur een bericht naar Omrop Fryslân

Reageren op een vraag in een radioprogramma of meedoen aan een spelletje? Door op 'appke' te drukken in de Omrop-app kun je gemakkelijk en snel een bericht sturen naar Omrop Fryslân.

 

(advertinsje)