Omrop TIP: Helikopterhuldiging SC Cambuur sneon live te sjen

30 apr 2021 - 15:18

It kampioenskip is al binnen, mar it echte kampioensfeest moat noch fierd wurde. Omdat in tradisjonele huldiging net mooglik is fanwege it coronafirus, sil de gemeente Ljouwert in helikopterflecht meitsje foar de spilers en fans. Sneontemiddei om 13.00 oere sille der twa helikopters de loft yn om bylden te meitsjen fan fans yn de stêd dy't harren Cambuurflagge sjen litte wolle. Der komme trije flechten oer de stêd Ljouwert.

Foto: OrangePictures.nl

Foar de parse is der in tredde helikopter beskikber, sadat Omrop Fryslân dizze bylden streekrjocht útstjoere kin. Dizze bylden binne fan 13.00 oere ôf live te sjen by Omrop Fryslân op tv en yn de Omrop-app yn it programma Sneon yn Fryslân.

De tochten duorje sa'n oardel oere en de helikopters fleane op 300 meter hichte. De bedoeling is no dat supporters fan harren eigen tunen, balkonnen en strjitten ôf it kampioenskip fiere. Dat kin bygelyks troch mei flaggen te swaaien.

Omrop Fryslân is hiel nijsgjirrich nei hoe't de supporters fan Cambuur de huldiging fiere sille. Stiesto sneon yn de tún mei de flagge te swaaien of hasto in oare moaie aksje, grut of lyts, dan hearre wy it graach! Mail nei: sport@omropfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)