Sa wurdt SC Cambuur 'gewoan kampioen': in oersjoch fan minút oant minút

24 apr 2021 - 01:14
  • SC Cambuur is kampioen wurden fan de earste difyzje;
  • Cambuur fersloech Jong AZ mei 4-2, en De Graafschap koe net winne fan Almere;
  • Spilers en stêf binne út de skroeven mei de útslach, Robert Mühren wol 30 bier achteroerwurkje;
  • De gemeente Ljouwert rôp minsken op net nei it Cambuurstadion te kommen;
  • Op it Cambuurplein binne meardere boetes útdield, seit ferslachjouwer Ronnie Porte;
  • Al it nijs oe Cambuur is te finen op ús dossierside.

Dit liveblog wie ek te folgjen yn it Nederlânsk.

1:00
Ein oan liveblog

De bus fan Cambuur is ûnderweis nei Fryslân. De festiviteiten yn Alkmaar binne foarby. Dêrmei komt der in ein oan it liveblog oer de kampioenswedstriid fan Cambuur.

Yn in ekstra lang Cambuursjoernaal is der dizze sneon wiidweidich omtinken foar de wedstriid, en alle reaksjes. Yn de rin fan de middei is dat te finen op omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân.

0:24
Rêstich op it Cambuurplein

Bylden fan it Cambuurplein

23:56
Bangura: Tweede helft is een smetje op kampioenschap

De manier wêrop't Cambuur de twadde helte spile, is in 'smetje' op it kampioenskip. Dat seit Alex Bangura tsjin ferslachjouwer Geert van Tuinen.

Bangura sjocht 'smetje'

23:52
Hoedemakers is euforysk

"Dit is fantastisch, wat we hier hebben meegemaakt", seit Mees Hoedemakers. "Dit is uniek, dat kan ik wel op mijn cv zetten. De doelpunten vielen snel, in de eerste helft. In de tweede helft lieten we het lopen. Dat was jammer. Maar we zijn gewoon kampioen."

"We hoorden van de scheidsrechter wat de stand was in Doetinchem. Het is mooi dat De Graafschap daar punten verliest. De strijd om de tweede plek wordt nog spannend. Maar daar hebben wij niets mee te maken."

Hoedemakers is euforysk

23:48
Mühren wol 30 bier achteroer wurkje

In wike lyn, by de promoasje, sei oanfaller Robert Mühren dat er 30 bier achteroerwurkje woe. Dat wol er no wol wer. "Zelfde plan!" Hy is tige grutst op de kampioensskaal. "Dit maak je niet vaak mee. Sommigen nooit."

"Wij zijn verreweg de beste. Dat laten we elke week weer zien. En de schaal is een toetje op twee hele mooie jaren."

Robert Mühren

23:43
Breij: Dit is geen water!

"Dit is geen water!" Dat seit Michael Breij mei in drankje yn de hannen. Baco is it. It mei. Hy is kampioen wurden. "We wisten dat we kampioen konden worden. We begonnen als een malle. De tweede helft was matig. Daar wil ik het niet over hebben."

Breij oan de baco

23:33
Fjouwer kampioensfoto's
(Advertinsje)
(Advertinsje)