Cambuur-helikopter op oanfraach: "Niet alleen voor harde kern, maar voor alle supporters"

22 apr 2021 - 21:14

Oardel oere lang helikopters dy't op oanfraach oer Ljouwert fleane op 300 meter hichte: dêryn de spilers fan SC Cambuur en in kamera om it fêst te lizzen. Dat is de bedoeling foar de huldiging dy't boargemaster Sybrand Buma op 1 maaie foar eagen hat as Cambuur de Keuken Kampioen Divisie wint. "Zo kan iedereen het team huldigen. We kijken niet alleen naar de harde kern, maar ook naar die grote groep Leeuwarders die supporter zijn en zich juist altijd netjes aan de regels houden," seit Buma.

It feest nei de promoasje - Foto: ANP

It 'nu toch wel heel dichtbij zijnde kampioenschap' fan Cambuur hâldt Ljouwert wol yn 'e besnijing, merkt Buma op. "We hebben zitten denken: wat kunnen we doen om toch een feest te vieren zonder een huldiging doen zoals andere jaren? Want helaas kunnen we niet met duizenden mensen op het Oldehoofsterkerkhof staan." Dat hat fansels mei de coronamaatregels te krijen.

It giet om twa helikopters, dy't elts trije kear in healoere fleane. De bedoeling is no dat supporters fan harren eigen tunen, balkonnen en strjitten ôf it kampioenskip fiere. Dat kin troch mei flaggen te swaaien. "De druk op de intensive care- en covid-afdelingen is nog altijd enorm hoog. Binnen de huidige coronamaatregelen is daarom absoluut geen mogelijkheid voor een traditionele huldiging," sa liet de gemeente earder witte.

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert

Sa kaam de gemeente op it helikopterplan. "Mensen kunnen aangeven om bij hen langs te vliegen omdat ze bijvoorbeeld wat moois hebben om te laten zien. Het liefst natuurlijk de kleuren geel-blauw. Zo is er een huldiging richting de lucht. We hebben gesproken met vertegenwoordigers van de verschillende supportersclubs." Neffens Buma wurdearje sy it dat der it maksimale dien wurdt.

Kamera en oanfraach

Sa'n helikopter kin net hiel Frylân oerfleane, jout Buma ta. "Maar we doen het maximale wat kan binnen de coronamaatregelen. De helikopter zal zo'n 300 meter boven de stad vliegen. De spelers zien wat mij betreft overal geel en blauw. We zijn er ook mee bezig om te organiseren dat er in de helikopter een camera is, zodat je ze ook kunt volgen als ze richting je huis vliegen." Nei alle gedachten kinne je meikoarten online in oanfraach dwaan om del te fleanen.

Measte supporters bleaune thús

It is organisearre om foar te kommen dat minsken de strjitte op geane. "De ervaring van vorige week is dat een aantal supporters de neiging heeft om de straat op te gaan. Maar duidelijk is ook dat het grootste deel van de supporters thuis is gebleven. Voor een aantal supporters is er ruimte in het stadion op 30 april, maar ook niet voor iedereen. En ik hoop dat mensen zelf beseffen dat de straat op gaan gevaarlijk is."

De wedstriid tusken Jong AZ en SC Cambuur begjint freedtejûn om 21.00 oere, mar it ekstra sportprogramma fan Omrop Fryslân is der al om 20.00 oere. Presintator Arjen de Boer ûntfangt âld-Cambuur-spiler René van Rijswijk yn de studio. Fanút it AFAS Stadion yn Alkmaar komt it ferslach fan Geert van Tuinen en Andor Faber. Boppedat is der kontakt mei De Vijverberg, dêr't De Graafschap tsjin Almere City spilet. Dy wedstriid is ek fan belang foar Cambuur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)