Sa waard Cambuur wer in kampioensklup

23 apr 2021 - 17:15

SC Cambuur kin dizze freed kampioen wurde fan de earste difyzje. Cambuurdirekteuren Gerald van den Belt en Ard de Graaf binne de arsjitekten achter dat sukses. Om dat te begripen moatte wy werom nei it foarjier fan 2019. Cambuur ferlear doe mei 2-1 útwedstriid tsjin Jong AZ, yn in besûnder mistreastige entoeraazje. It wie in traumatyske ûnderfining foar beide hearen. Op de weromreis ha se de folsleine rit mei mekoar belle. Wichtichste konklúzje: it moat oars.

Gerald en Ard

De mannen makken in plan. Dêr stie yn dat se in "type Henk de Jong" fêstlizze wolle. De Jong is dan noch trainer by De Graafschap, mar makket kenber dat hy werom nei it noarden wol fanwege privee-omstannichheden. As de direksje him útnûget foar in petear is de Drachtster gelyk entûsjast. Hy leaut yn it plan.

Heren van Cammingha

Mar dêrmei binne se der noch net, want de twadde útdaging is dat der mear jild komme moat.

In groep fan sa'n 30 minsken ûnder de namme "Heren van Cammingha", drage totaal 1 miljoen euro by oan it spilersfûns. Dêrmei kin de seleksje fersterke wurde. En no, twa jier letter kin Cambuur kampioen wurde yn de útwedstriid tsjin jong AZ. En dêrmei is de sirkel rûn.

De wedstriid tusken Jong AZ en SC Cambuur is te folgjen yn in ekstra sportprogramma. Presintator Arjen de Boer ûntfangt âld-Cambuur-spiler René van Rijswijk yn de studio. Fanút it AFAS Stadion yn Alkmaar komt it ferslach fan Geert van Tuinen en Andor Faber. De wedstriid sels begjint om 21:00 oere. As Cambuur mear punten pakt as De Graafschap, dat op itselde stuit spilet tsjin Almere, binne de Ljouwerters kampioen. Dêrom is der ek in ferslachjouwer by dy wedstriid.

It ekstra sportprogramma begjint om 20:00 oere, en it is hjir rjochtstreeks te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)