Omrop Fryslân

Werom yn de gymseal: it eksamen ierdrykskunde bringt de wrâld tichterby

Johanna makket eineksamen ierdrykskunde
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Java, Kenia, Brazilië en de Waadeilannen lizze allegear op myn taffeltsje yn de gymseal. Krekt dat die ierdrykskunde eartiids ek al mei my: de wrâld tichterby bringe.
Mar noch foar de earste fraach komt de eksamenspanning wer werom.
Mei klamme hannen rin ik nei jierren wer myn âlde skoalle yn: Montessori High School yn Ljouwert. Yn myn tiid hiet de skoalle it Piter Jelles Montessori.
Ik sil my trije oeren lang bûgje oer it havo-eineksamen ierdrykskunde. Der is spitigernôch gjin dosint mear dy't ik fan eartiids ken, mar de gymseal is eins noch itselde.

Skodding op de skaal fan faaleangst

Ik krij in plakje presys yn it midden. As it episintrum fan in lichte skodding op de skaal fan âlde faaleangst.
Ik moat wer tinke oan myn wrakseling mei de grafiken fan fraach en oanbod by it ekonomy-eksamen. Dat kaam ik net te boppen, it waard in wereksamen.
Wylst elkenien eksamenfeestjes fierde, siet ik yn dit lokaal te striden foar myn diploma.
"Sukses maat", hear ik achter my. Twa jonges jouwe inoar in hân. It falt my op dat de learlingen opfallend ûntspannen binne.
Miskien om't dit eksamen foar de measten it lêste is.
Dan krij ik in steapel papieren: in opjefteboekje, in boarneboek en in kaartekatern. In grutte atlas hoecht net mear, want de nedige kaarten binne útprinte.
Hast slach ik alles út nijsgjirrigens al iepen, mar ik wurd der fuort op wiisd dat dat net de bedoeling is.
Ek foar my wurdt gjin útsûndering makke. En krekt dêrtroch fiel ik my wer efkes ien fan harren.

Nutella

De earste opjefte giet oer it fan orizjine Italiaanske bedriuw Nutella.
De sjokopasta fljocht de hiele wrâld oer en ik moat arguminten betinke wêrom't it merk wol en net amerikanisearre is.
Dêrnei folgje der fragen oer de Passport Power Index en wêrom't minsken mei it iene paspoart hast oeral nei ta kinne en it foar oaren benammen grinzen sjen lit.
Yn in tiid fan oarloch, migraasje en asyldebatten fiele dy fragen hielendal net abstrakt.
Efkes letter sit ik op Java, by fulkanen, ierdplaten en kaldera's. En yn Kenia sjoch ik nei ferwoestynjen en hoe't fegetaasje weromkomme kin op plakken dy't kwetsber binne troch klimaatferoaring.
Ik bespeur dat ik de fragen maklik beäntwurdzje kin om't ik no mear fan de wrâld sjoen en begrepen haw.
Al moat ik termen brûke dy't net gelyk nei boppen komme, sa as de intertropische convergentiezone, nammen fan ierdplaten en de boreale landschapszone.
Dêr lit ik wat puntsjes lizze.
Eineksamen ierdrykskunde
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Ik skrik wekker út myn hyperfokus. Oan it begjin fan it eksamen mocht ik op in rôze papierke op myn tafel "tee" of "kofje" opskriuwe. No wurdt myn kopke tee ynskonken. Dizze service hie ik net earder meimakke.
Uteinlik komt it eksamen werom nei Nederlân: fia de Fecht, de Iselmar, wetterbehear en de leefberens op de Waadeilannen.
Wat moat der dien wurde oan oprinnend wetter fan de Fecht? En wat is de rol fan lokale wetterskippen en Rykswettersteat?
It binne deistige kwestjes yn in lân dêr't wetter altyd wer boppe komt.
Eksamen yn de gymseal fan Montessori High School
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Ik bestudearje de lânkaarten en skerpje myn antwurden oan oant de lêste minút. Lykas doe wol ik alle tiid brûke.
Troch it rút sjoch ik in beam dy't der eartiids ek al stie. In stille tsjûge fan myn gedachten oer de wrâld bûten dizze gymseal.
Dy wrâld kaam letter ek echt tichterby. Ik stie in pear jier lyn op in aktive fulkaan, en ûndersyk nei klimaatferoaring brocht my nei in eilannegroep yn de Stille Oseaan.
Wat begûn mei kaarten en begripen, waard letter sjen nei hoe't minsken en lânskip mei-inoar ferbûn binne.

Nei ôfrin kin ik it eksamen sels neisjen. Op in pear begripen nei fleach ik der mei gemak trochhinne.
En foar wa't him ôffreget oft it mei dat wereksamen ekonomy noch goedkaam? Aldergeloks helle ik de twadde kear in goede 7!

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.