Radiopresintator Johan Terpstra bûcht him oer it muzykeksamen: "Dit is gjin 'pretfak'"
Hoe dreech binne de eksamens no eins? Meiwurkers fan Omrop Fryslân skowe de kommende tiid út en troch oan yn de eksamenseal. Dizze tiisdei makke ik it eineksamen muzyk op de havo fan it Drachtster Lyceum. En ik fûn it gjin 'pretfak'.
Wylst de measte havo-learlingen harren bûge oer Ingelsk, wiskunde of skiednis, sitte seis eksamenkandidaten op it Drachtster Lyceum mei in koptelefoan op it muzykeksamen te meitsjen.
Yn it muzyklokaal fan dosint Bert Noordenbos is fuort dúdlik wêr't syn leafde foar muzyk leit. Oan de muorren hingje posters fan Queen en frontman Freddie Mercury.
Noordenbos is grut fan fan de legindaryske band en spilet yn syn frije tiid yn de Queen-coverband 'Bohemian Royalty'.
Hy besiket syn entûsjasme foar muzyk oer te bringen op de learlingen. En dat liket te wurkjen. Foar it twadde jier op rige kinne learlingen dêr eksamen dwaan yn it fak muzyk.
Analysearje
De seis kandidaten hawwe it net maklik, want it is noch in aardich pittich eksamen ek.
Learlingen moatte muzyk analysearje, ritmes werkenne en noaten lêze. Foar minsken sûnder muzikale eftergrûn is dat noch bêst in útdaging, haw ik ûnderfûn.
Yn myn jonge jierren haw ik eefkes blokfluitles hân, mar fierder haw ik gjin teoretyske kennis opdien. Plaatsjes draaie fûn ik folle moaier.
Sûnt myn sechtjinde reizgje ik mei draaitafel troch it lân en sûnt myn fjirtichste draai ik muzyk op de radio.
Foar it eksamen haw ik net safolle oan dy ûnderfining: it eksamen draait om noaten lêze en it werkennen fan muzikale skema's yn sawol de klassike muzyk as de popmuzyk.
It falt my net ta. Ek de echte eksamenkandidaten mei wa't ik yn it lokaal sit (Roan, Jilles, Koen en Thymion) fine it eksamen dreech.
Mar de fragen oer rapper en sjonger Typhoon fine se wer goed te dwaan.
It eksamen draait net allinnich om de teory. De eksamenkandidaten moatte ek sjen litte hoe't se live muzyk meitsje en sjen litte hoe't se harren muzikaal ûntwikkele hawwe.
Krekt de kombinaasje fan kreativiteit en fakmanskip makket it fak bysûnder, neffens Noordenbos. It fak freget in soad tarieding en persoanlike begelieding.
Mei seis kandidaten liket de belangstelling stadichoan te groeien en wa wit sit der wol in takomstige muzikant of artyst tusken, sa as Iris Kroes, dy't yn it ferline ek har eksamen makke yn de banken fan it Drachtster Lyceum.