Omrop Fryslân

Hugo en Famke meie eineksamen wiskunde B oerslaan en in ekstra fleanrûte foar F-35's

De 5 fan de wike
© Omrop Fryslân
Learlingen Hugo en Famke meie it eineksamen wiskunde B oerslaan en der is fertrietlik nijs út AquaZoo, Amoertiger Vadim is deagien.
It binne in pear opfallende ferhalen dy't we dizze wike publisearre hawwe. Hjir fynst fiif fan dizze ferhalen, foar elkenien dy't wat mist hat of nochris rêstich weromlêze wol.
Dit it ús seleksje fan dizze wike:

Dizze fleanrûte foar F-35's komt derby

Der komt in ekstra rûte foar F-35's fan fleanbasis Ljouwert ôf nei it westen ta. It lûd moat sa better ferspraat wurde oer de omjouwing.
As der in rûte by komt dy't noardlik fan it doarp leit, skeelt dat oerlêst yn Marsum, Dronryp, Ingelum en Deinum, sa hat bliken dien by testen. Yn Menaam nimt de oerlêst just ta.

Learlingen Hugo en Famke meie eineksamen wiskunde B oerslaan

Wylst tûzenen eksamenkandidaten stinne op formulen en woartels, meie learlingen fan 6 vwo fan Comenius Mariënburg út Ljouwert de rekkenmasine yn 'e tas hâlde.
Sy dogge mei oan in proefprojekt mei nije leardoelen wêrtroch't se gjin eksamen wiskunde B hoege te meitsjen.

Fryske boer brûkt laser om guozzen te ferjeien

De driging fan fûgelgryp, it is de nachtmerje fan elke plomfeehâlder.
Rienk Huizinga út Tsjummearum hat der wat op fûn, hy brûkt in lasersysteem om de wylde guozzen en einen út syn lân te hâlden.

Hans libbet syn dream, yn de auto nei Sina

De diagnoaze prostaatkanker brocht Hans Achterbosch ta in beslút: hy stelt syn dreamen net langer út. De arsjitekt út Ljouwert stapt tongersdei yn in ekspedysjeauto foar in reis fan 35.000 kilometer nei Sina en werom.
In tocht as oade oan it libben en mei in missy foar oaren mei kanker.

Fertrietlik nijs út AquaZoo

Bistetún AquaZoo yn Ljouwert belibbe woansdei in fertrietlike dei. De manlike Amoertiger Vadim is deagien. It bist wie pas sa'n fjouwer jier yn de bistetún.
De ôfrûne perioade foel it de bistefersoargers fan AquaZoo op dat Vadim minder aktyf wie en dat hy minder goed iet.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.