Omrop Fryslân

Dizze fleanrûte foar F-35's komt derby (en betsjut min nijs foar Menaam)

In piloat yn in F-35
© Omrop Fryslân
Der komt in ekstra rûte foar F-35's fan fleanbasis Ljouwert ôf nei it Westen ta. It lûd moat sa better ferspraat wurde oer de omjouwing.
No wurdt yn de measte gefallen in rûte brûkt dy't súdlik fan Dronryp leit.
As der in rûte by komt dy't noardlik fan it doarp leit, skeelt dat oerlêst yn Marsum, Dronryp, Ingelum en Deinum, sa hat bliken dien by testen.
Yn Menaam nimt de oerlêst just ta.
De swarte line is de rûte dy't no flein wurdt, de reade komt der ekstra by
© Omrop Fryslân
Om't de wyn it meast út it westen komt geane F-35's meastentiids yn de rjochting fan Marsum omheech.
Dêrnei fleane se oer de A-31 en komme se súdlik by Dronryp del. De tastellen draaie dan meastentiid nei it noarden ta om sa nei it oefengebiet boppe de Noardsee te fleanen.
Kommandant Marcel van Egmond hopet dat op dizze wize de oerlêst in bytsje beheind wurde kin, sa skriuwt hy yn in brief oan de kommisje Lûdshinder fan de fleanbasis.
Hy skriuwt mei klam dat it net giet om in ferfanging fan de âlde rûte, mar om in oanfolling dêrop.
Geert Verf, dy't út namme fan de omwenners yn de kommisje sit, begrypt de kar fan de fleanbasis.
Al ferwachtet hy wol mear klachten út de hoeke fan Menaam.

Mei de neiferbrâner omheech

Ut ûndersyk hat ek bliken dien dat in oare wize fan omheechgean helpt by it werombringen fan lûdsoerlêst.
De F-35's brûke dêrby de neiferbrâner om ekstra hichte te meitsjen, mar sette dy dan boppe it fleanfjild sels noch út.
Ut testen docht bliken dat lûdspiken fan boppe de 110 desibel dêrmei yn de measte gefallen foarkaam wurde kinne.
Dy binne skealik foar it gehoar. De kommisje lûdshinder wol dat dêr wat oan dien wurdt. It RIVM docht no ûndersyk nei de skealike effekten fan lûd op de sûnens.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.