Bettere isolaasje en mear ûndersyk foar omwenners fleanbasis Ljouwert: "Hat fierstente lang duorre"
Ruten dy't trilje yn de sponningen as in F-35 oerfleant. It is mooglik ferline tiid no't der in stevich advys leit om tal fan huzen om de fleanbasis hinne better te isolearjen.
De ôfrûne tiid is in soad ûndersyk dien nei de isolaasje fan wenningen om de basis hinne. By in grut part foldocht dy isolaasje net mear. De stjoergroep dy't it ûndersyk dien hat, stelt dat neist nei bettere isolaasje ek sjoen wurde moat nei maatregels om lûdspiken tsjin te gean.
Hege lûdspiken
In F-35 produsearret somtiden in lûdspiek fan fier boppe de 110 desibel. Dat is ferlykber mei in kettingseage dy't je neist je earen hâlde.
Oer dat desibels letter mear, want dêr komt in sûnensûndersyk nei, as de provinsje Fryslân en de gemeenten om de basis hinne meiwurkje.
Earst werom nei de isolaasje. Want lang om let liket dêr no skot yn te kommen. Oer de isolaasje wurdt al praat sûnt it momint dat Nederlân besleat de F-35 te keapjen.
Fuortendalik wie it omwenners al dúdlik dat de isolaasje fan no net folstean soe by it lûd fan dit tastel.
Sûnt 2013
In moasje fan Keamerlid Angelien Eijsink makke dat ûndersyk útslútsel jaan moast. Dy moasje waard yn 2013 yntsjinne. No yn 2025 is helder dat der wat dien wurde moat.
"Dit hat fiersten te lang duorre", seit Geert Verf fan Marsum, dy't yn de stjoergroep sit. "Der kaam ferfolchûndersyk op ferfolchûndersyk."
"Dan stie in mjitpunt net goed of koe it lûdspektrum fan de F-35 (de toanopbou fan it lûd, red.) net goed metten wurde. It hat my wolris ergere."
Neffens Verf is it ferhaal no dúdlik en wurdt it tiid dat Definsje de omwenners yn 'e mjitte komt. "We hoopje dat dêr ein dit jier in beslút oer naam wurdt."
De isolaasje kin helpe by it foarkommen fan lûdspiken yn 'e hûs, mar bûten docht it neat. Dêr leit de grutte soarch fan húsdokter Foekje Kalsbeek fan Stiens. Sy trunet al jierren oan op in ûndersyk.
Dat is no in stap tichterby. "It is foarlein no oan it RIVM", seit Kalsbeek. "Mar it is der noch net."
Sy fynt dat de omlizzende gemeenten, benammen Ljouwert en Waadhoeke, en de provinsje in sterke rol spylje moatte.
110 of 115 dB
It ûndersyk moat dan dúdlik meitsje wat de gefolgen binne fan lûdspiken boppe de 110 en 115 desibel op minsken en wat de lingte fan in pyk docht.
"De soargen binne dat omwenners, passanten en bern dêr fuort skea fan ûnderfine kinne. Dat moat it RIVM ûndersykje."
Definsje moat dêr noch opdracht foar jaan.
Wol in algemien ûndersyk
It RIVM sil yn alle gefallen in algemien sûnensûndersyk foar omwenners fan de fleanbasis dwaan. Dat is earder dien yn 2017. De konklúzje doe wie dat yn de omjouwing al mear kankergefallen wiene, mar net mear stjergefallen as gefolch dêrfan.
In dúdlike oarsaak waard net fûn, wie de konklúzje fan de GGD-Fryslân doedestiids.
Omwenners woenen dat graach fierder útsocht ha en trúnje sûnt dy tiid al oan op ferfolchûndersyk.
Definsje hat dêr no grien ljocht foar jûn. Net allinnich om Ljouwert hinne wurdt ûndersyk dien, it jildt ek foar omwenners fan de basis yn Volkel.
Minder flein yn it neijier
Basiskommandant Marcel van Egmond makke bekend dat dit neijier minder flein wurdt fan de basis yn Ljouwert ôf. De F-35's dogge dan mei oan in oefening yn de Feriene Steaten.
Dêrneist is de kâns grut dat de NAVO in berop docht op de Ljouwerter tastellen.
It giet dan om in misje yn it easten fan Europa. Van Egmond woe net mear kwyt oer hoe en wat. "Daar moet het kabinet over beslissen als het zover is."
PFOS-ûndersyk
Van Egmond makke ek bekend dat de earste resultaten binnen binne fan it PFOS-ûndersyk op de basis. In lyts part fan de fersmoarge grûn is ôfgraafd.
"De eerste resultaten zijn hoopgevend", sa sei Van Egmond. Hy seit wol dat ek nei it suverjen fan de grûn de fersmoarging noch net binnen de noarmen wie. "Dat vergt nader onderzoek."