Tink om 'e earen: provinsje warskôget fytsers by fleanbasis mei nij ferkearsboerd
It is in simpel ferkearsboerd, njonken it fytspaad fan Ljouwert nei Stiens. It moat de foarbygongers warskôgje foar it leven fan de F-35. Oft it genôch is? Neffens húsdokter Foekje Kalsbeek fan Stiens net.
It is in striid dy't Kalsbeek net gau opjout: dy tsjin de ekstreme lûdspiken dy't in F-35 ha kin by de start. Somtiden fier boppe de 110 desibel. Minsken dy't dan krekt op 'e fyts sitte en sa'n tastel oer har hinne krije, rinne risiko op bliuwende skea oan it gehoar.
Belje by F-35
Dêrom wol Kalsbeek maatregels. In âld-kommandant fan de fleanbasis hie útsteld om lâns it fytspaad in bel te pleatsen. Dy stiet ek op de basis sels en soe wol in ôftak krije kinne nei de paden.
Dat is lykwols yngewikkeld. Dêrom hat de provinsje dêr no in ferkearsboerd delset.
"Dat is yn alle gefallen wat", seit Kalsbeek. "Dat warskôge wurdt foar in hiel lûd tastel."
It leafst hat se lykwols dat in gebear makke wurdt nei omwenners ta: "Dat harren earbeskerming bean wurdt. Krekt lykas je te gast binne yn in fabryk mei in soad leven, dan krije je dat oanbean. Dan litte se ek sjen dat se ús serieus nimme."
Begjin jannewaris set in grut sûnensûndersyk útein om de bases fan Ljouwert en Volkel hinne. Dêryn wurdt ek de ympakt fan lûdsoerlêst meinommen.
It tal klachten oer lûdshinder fan de fleanbasis Ljouwert is de ôfrûne moannen ôfnaam. Wêr't him dat oan leit, is net hielendal dúdlik.
Mooglik dat minsken wat mear akseptearje no't de driging tanommen is, stelt de kommisje lûdshinder fan de basis.
Oare wize fan fleanen
Oan de oare kant fleane se op de basis ek krekt oars. Troch mei neiferbrâners omheech te gean bliuwt de oerlêst beheind foar doarpen lykas Jelsum en Marsum.
De omwenners binne posityf, mar oerste Jos stelt wol dat dat net altyd kin. Wat wol opfalt is dat de klachten út mear doarpen om de fleanbasis hinne komme.
Wet op de definsje-paratens
Op it stuit wurdt wurke oan in nije wet dy't definsje mear romte jaan moat om te oefenjen, de saneamde 'Wet op defensiegereedheid'. By omwenners is dêr ûndúdlikens oer: Mei definsje aanst alles?
"Nee", seit oerste Jos stellich. "Het geeft ons ruimte als bijvoorbeeld de dreiging in de zomermaanden ergens toeneemt en we zien dat vliegers nog net niet genoeg geoefend zijn voor de nacht, wij ze in het donker kunnen laten vliegen."
De kommandant erkent dat dat net winsklik is. Mar by de loftmacht wolle se dochs graach de romte hawwe, foar as it nedich is. Dan wurdt wol besocht om net mear lûd te meitsjen as fêstlein is.