Omrop Fryslân

Trije oeren stinne, in soad swetse en wat gokke: is dat genôch foar in foldwaande?

Sûnder senuwen in eksamen meitsje foldocht wol
© Omrop Fryslân
Oft ik ek in eksamen dwaan woe foar Omrop Fryslân. En watfoar fak dan? "Doch my mar maatskippijwittenskippen op vwo-nivo, liket my wol nijsgjirrich."
Dat sei ik in pear wiken lyn. No, dat ha ik witten.
Maatskippijwittenskipen bestie noch net as eksamenfak doe't ik yn 2008 oan bar wie. Mar foar myn wurk lês en skriuw ik geregeld oer maatskiplike tema's, dus ik tocht dat dat yn myn foardiel wurkje koe.
Boppedat stie der no fansels folle minder op it spul as achttjin jier lyn. Doe gong it om wol of net slagjen, no heechút om myn eargefoel.
De tarieding hie ik dêrom ek wat oars oanpakt. Doe't it der echt om gie, siet ik oant djip yn de nacht yn de boeken, no ha ik oant djip yn de nacht basketbal sjoen.
Nei in koart nachtsje, mar sûnder senuwen, gong ik nei it Lauwers College yn Bûtenpost, de skoalle dêr't ik seis jier lang omspaand ha.

Deselde geuren

Doe't ik om 8.15 oere it gebou binnenstapte, rûnen de earste learlingen al yn de sportklean nei de sportfjilden foar in les gymnastyk. Fûn ik ek altyd moai, mar dêrfoar bin ik der hjoed spitigernôch net.
De yngong fan it Lauwers College yn Bûtenpost
© Omrop Fryslân
Ienkear yn it gebou blykt net in soad feroare. Klúskes flak foarby de yngong, roasterynformaasje op de skermen, stuollen en taffeltsjes yn de sitkûle. Allinnich de keuken stiet oan de oare kant fan de sitkûle en it menu is wat wiidweidiger.
Myn plak hjoed is, krekt as doe, de gymnastykseal achteryn it gebou. Troch de klaaikeamers (dêr rûkt it ek noch itselde) en dan sjoch ik de opstelling al klearstean: tsientallen taffeltsjes mei dêrop alfêst de antwurdfellen.
De taffeltsjes steane klear foar it eksamen
© Omrop Fryslân
Ik sit yn de berging fan de seal; sa krij ik sels alles mei, mar sit ik bûten it sichtfjild fan de eksamenkandidaten.
Dan is it 9.00 oere en kinne we begjinne. Ik ha trije oeren de tiid foar 25 fragen oan de hân fan fjouwer teksten. De earste giet oer kulinêre hypes, lykas de crompouce.

Paradigma's, diminsjes en poalen

De tekst is prima te begripen, mar de fragen binne in oar ferhaal. By de earste fraach moat ik fertelle oft identiteiten dy't ûntliend binne oan itenshypes passe by yndividualisearring.
Dat wol noch wol. Mar as it yn fraach 3 giet oer it ferskate sosjaalwittenskiplike paradigma's, lykas it functionalisme-paradigma en it conflict-paradigma, dan ha ik gjin idee wêr't ik begjinne moat.
Troch nei fraach 4:
Er zijn twee wetenschappelijke benaderingen van de nationale cultuur. Geef vanuit een van deze benaderingen een verklaring voor de nationale trots op de crompouce. Gebruik in je verklaring de naam en een omschrijving van de gekozen wetenschappelijke benadering van nationale cultuur.
Dan moatte je dus spesifike termen brûke dy't yn de lesboeken stean moatte. Gjin idee. Troch nei fraach 5.
Hofstede onderscheidt zes dimensies van culturen. Een daarvan is de dimensie met de pool individualistisch en de pool collectivistisch. Beredeneer welke pool van een andere dimensie te herkennen is in voedselhypes.
Gjin idee. Troch nei fraach 6.
Sa giet it wol hurd.
Myn antwurd by fraach 3
© Omrop Fryslân
De twadde tekst giet oer hoe't fuotbal ynwenners fan Jemen helpe kin om de oarloch troch te kommen.
De fragen dêrby geane ûnder oare oer de ynminging fan Saûdy-Arabië en Iran yn it konflikt yn Jemen, wat de VN-Feilichheidsried foar mooglikheden hat en hoe't fuotbaltoernoaien, dy't yn de tekst omskreaun wurde, bydrage kinne oan de sosjale koheezje.
As ik nei ôfrin de antwurden by de fragen opsykje, sjoch ik dat ik hjir it grutste part fan de fyftjin te fertsjinjen punten wol byskriuwe kin.

It barriêremodel

Tekst 3 giet oer fredeshanthaveners fan de VN, tekst 4 oer hoe't in gemeente mei in Minecraft-challenge besiket om basisskoallelearlingen te belûken by de ûntwikkeling fan in winkelsintrum.

Eineksamens

De sintraal skriftlike eksamens duorje noch oant en mei 27 maaie. Yn Fryslân dogge sa'n 7.100 learlingen eineksamen. Op 11 juny wurdt de útslach bekend.
Mear ferhalen oer de eksamens, ek fan oare Omroppers dy't sels eineksamen dien ha, fynst hjir.
Ik moat ûnder oare útlizze watfoar globalisearringsproses de macht fan steaten oantaaste kin, fertelle watfoar yndikatoaren by demokrasyen hearre en beredenearje hoe't sa'n Minecraft-challenge de represintativiteit fan in beslút fergrutsje kin.
Dat wol noch wol. Mar yn ien fan de fragen komt dat ferflokte functionalisme-paradigma werom, dus dy punten kin ik wol ferjitte. En wat is de twadde barriêre fan it barriêremodel? Wer gjin idee.

Kramp yn de fingers

Nei trije oeren ha ik sân kantsjes folskreaun. By guon antwurden bin ik fol fertrouwen, mar earlik is earlik: der stiet ek in soad swetserij en bluf op myn papier.
It docht bliken dat ik net de iennige bin dy't wraksele. Nei ôfrin fertelt in groepke learlingen dat se dit eksamen in stik pittiger fûnen as de eksamens fan de foarige jierren, dêr't se de ôfrûne wiken mei oefene ha.
De sitkûle fan it Lauwers College yn Bûtenpost
© Omrop Fryslân
Ien fan harren hat hjoed tolve kantsjes fol krigen. En ik hie al kramp yn de fingers, kinst neigean.
Se freegje ek hoe't it by my gie en watfoar aktor ik neamd ha by de twadde barriêre fan dat barriêremodel. As blykt dat sy wat oars as my opskreaun ha, bale se. Mar ik stel se gerêst: ik ha mar wat dien.

Hakken oer de sleat?

Dêrnei kinne se gau even wat ite. Wylst ik dit ferslach skriuw oer myn ûnderfinings, sitte sy alwer te switten yn de gymnastykseal, want it eksamen Ingelsk stiet hjoed ek op it programma foar de vwo'ers.
Oft myn antwurden goed genôch wêze soenen foar in foldwaande betwivelje ik. Heechút mei de hakken oer de sleat.
Foar myn 'klasgenoaten foar ien dei' hoopje ik dat in werkânsing se besparre bliuwt. En dat se mei deselde ûntspanning as my weromsjogge kinne op dit eksamen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.