Omrop Fryslân

Al 75 jier wichtich yn Drachten: Philips krijt muorreskildering fan de gemeente kado

Ofbylding as yllustraasje
© Omrop Fryslân
Al 75 jier makket Philips skearapparaten yn Drachten. Foar dat jubileum jout de gemeente Smellingerlân it bedriuw no in muorreskildering kado.
Oan de Markt 12 yn Drachten stiet in grutte groep minsken te sjen nei boargemaster Fred Veenstra. Hy stiet op in heechwurker yn in wite laboratoariumjas, drok dwaande mei in spuitbus ferve.
Hy leit sels de lêste hân oan it kado dat syn gemeente oan Philips jout. Lokaasjedirekteur Bas Dijkmann fan Philips Drachten sjocht grutsk ta. "Ik voel me enorm vereerd."
De muorreskildering stiet symboal foar de hechte relaasje tusken it plak en it bedriuw.
"Foar Philips koest Drachten amper in stêd neame", laitsje guon omstanners.
Boargemaster Fred Veenstra oan 'e slach
© Omrop Fryslân
It keunstwurk is makke troch keunstners Marcus Wedman en Teunis Spits. In soad eleminten fan de rike skiednis komme deryn werom, sa is de skyline fan Drachten te sjen om't dy foar in grut part bepaald is troch Philips.
Ek sit der ek in fleantúch op de muorre omdat it fleanfjild fan Drachten bestiet troch datselde bedriuw. Fierder binne ferline en takomst mei-inoar ferbûn troch bygelyks in jonge dy't surft op it nijste model skearapparaat.
"Als je klaar bent en je ziet je ontwerp van een telefoontje echt op de muur, dan ben je zo trots als een pauw met zeven dingen", fertelt Spits.

Kyan

Jongerein hawwe ek bydroegen oan it keunstwurk troch wurden yn te stjoeren wêrmei't se Drachten omskriuwe soene. Dy sjitte fan omarmt nei ragt.
Wedman hat in easter egg efterlitten: tusken alle wurden stiet ynienen de namme Kyan. De keunstner is nammentlik by it meitsjen fan it keunstwurk pake wurden en makke op dizze wize in earbetoan foar syn pakesizzer.
Surfjend famke op in skearapparaat
© Omrop Fryslân
Ek yn harren taspraken steane de boargemaster en lokaasjedirekteur stil by de takomst: "75 jier achter de rêch, op nei de folgjende 75", is de strekking.
Wat dat konkreet betsjut foar de takomst fan it fabryk yn Drachten? Dijkmann wol der net folle oer kwyt, al seit hy wol dat de ekspertize dy't Drachten hat yn 'e takomst in ferskil makket.
"Dan volgen de aantallen vanzelf", beslút er mei in glimk.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.