Drachtster Museum krijt 600.000 euro foar grutskalige ferbouwing
Museum Dr8888 yn Drachten krijt in bedrach fan 600.000 euro om in ferbouwing te bekostigjen.
De direksje fan it museum waard woansdeitemoarn fan dat nijs op 'e hichte brocht. Meiwurkers fan it museum reagearren emosjoneel op it nijs.
It bedrach wurdt beskikber steld troch de Vriendenloterij.
Hjoeddeistige easken
It âld kleastergebou foldocht net mear oan de hjoeddeistige funksjonele en technyske easken. It jild wurdt brûkt foar útwreiding en renovaasje fan it museum.
Boppedat sil in part brûkt wurde om de bekendheid fan it museum te fergrutsjen. Op dy wize krijt it museum mear mooglikheden en kin it in grutter publyk ûntfange.
Gemeente
Museum Dr888 krige earder al in bedrach fan 12,5 miljoen euro fan de gemeente Smellingerlân, dy't ferantwurdlik is foar it gebou. Dat wie yn prinsipe genôch foar de ferbouwing, mar neffens de museumdireksje kin mei dit bedrach de 'puntsjes op de i set wurde'.
"Wy binne as brûker sels ferantwurdlik foar it ynterieur", seit museumdirekteur Wybren Jorritsma. "Dus wy binne mei allegear fûnsen, sponsoaren en minsken oan 'e slach om dy puzel te lizzen, om ek it ynterieur, de sealen, de edukaasjeromte en de programmearring top meitsje te kinnen."
De ferbouwing moat yn it earste kwartaal fan 2027 begjinne en moat in jier letter yn de simmer klear wêze.