Omrop Fryslân

Soad timmerderij by musea yn Fryslân: "Het moet geen kermis worden"

Museum Dr8888 krijt in nije foargevel
© Omrop Fryslân, Elbrich Kamstra
Inkelde tsientallen musea yn Fryslân hawwe in ferbouwing op de planning stean. It giet om werynrjochtingsprojekten, ferduorsumingsprojekten en fernijing fan de presintaasje. Hoe kin it dat dit no allegear tagelyk bart?
De flier begjint te fersakjen, it focht dript fan de ruten en de mosken sitte der waarm by op de dakpannen fan it Fries Scheepvaart Museum.
Op it earste each liket der net in soad oan de hân by it Snitser museum, mar wa't better sjocht konstatearret dat der in yngreven opknapbeurt nedich is.
De ferbinende galery moat oanpakt wurde: dy wurdt syn totaliteit fuorthelle en opnij opboud. Ek wurdt der tocht oan in ekstra etaazje. Op dit stuit is it museum drok dwaande om de finansiering foar de folsleine ferbouwing rûn te krijen.

Net allinnich in skip mei in buordsje

It Fries Scheepvaart Museum wol foaral ynsette op belibbing. Bern kinne der yn de kunde komme mei wetter en boatsjes yn de binnentún fan it museum.
"We hebben een mooie collectie en mooie verhalen te vertellen, maar dat kan wel wat interactiever en meer op beleving gericht. Met alleen een scheepsmodel met een naambordje redden wij het ook niet helemaal", seit Hester Postma, direkteur fan it Fries Scheepvaartmuseum.
Hester Postma, direkteur Fries Scheepvaart Museum
© Omrop Fryslân, Elbrich Kamstra
De ferwachtingen fan de museumbesiker binne oars as tsien jier ferlyn, fertelt Mirjam Pragt, direkteur Museumfederatie Fryslân.
"De bezoeker is kritischer. Die wil zien wat er ook op internet te vinden is, maar dan met echte voorwerpen, met meer beleving."
Het moet geen kermis worden.
Direkteur Hester Postma fan it Fries Scheepvaart Museum
De ferbouplannen fan de musea binne in skoft lizzen bleaun fanwegen corona en de hege enerzjykosten. De plannen wurde no wer út de kast helle.
Dat is net foar neat, want de omstannichheden binne goed, seit Pragt: "De bezoekersaantallen zijn heel positief. Het klimaat is heel goed om te vernieuwen, en dan ook te verduurzamen."
Fryske musea drok oan it ferbouwen
Yn de kommende fiif jier sil der in soad feroarje yn de Fryske museumwrâld. "We zullen dus veel meer op beleving zitten, met leuke interactieve presentaties. Maar het moet geen kermis worden, de collectie staat centraal", beklammet Postma.

Sichtber foar it publyk

Sa'n 40 kilometer fierderop is Museum Dr8888 al yn de folgjende faze fan har plannen.
By it museum sjogge se dat minsken it museum no foarby rinne. "Wy hawwe in hiele bysûndere kolleksje, mar we kinne noch net altyd it publyk berikke", seit direkteur Wybren Jorritsma.
It hiele museum giet dêrom op 'e kop: de gevel, de tún, en ek de fleugels wurde oanpakt. "We sille in entree meitsje dy't de gevel iepenet mei in opfallende bôge, sadat besikers witte dat it museum yn dit pân sit."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.