Ald-topmanager Cor Boonstra fan ûnder mear Philips ferstoarn
Ald-topmanager en sakeman Cor Boonstra is yn de nacht fan freed op sneon yn syn wenplak Amsterdam ferstoarn. De âld-direkteur fan ûnder oare Philips is 87 jier wurden.
Cor Boonstra waard berne yn 1938 yn Ljouwert as soan fan in molkboer. Hy is grut wurden oan de Nieuweburen, yn it gebiet tusken de Bonifatiustsjerke, de Grutte Tsjerke en de Aldehou. Dêr hie syn heit in wyk as molkboer. De klanten wennen sa'n bytsje oant de ein fan de Bûterhoeke ta.
De Aldehou wie foar him in grut monumint, ûnderdiel fan it gebiet dêr't er libbe, sei Boonstra yn de dokumintêre dy't Omrop Fryslân yn 1998 makke hat oer de restauraasje fan de Skeve Toer.
As jonge wie Cor altyd oan it hanneljen. Doe't er 16 wie, gie er fan de HBS ôf. Hy woe nei de seefeartskoalle, mar fanwegen syn mindere sicht koe dat net. Hy hat wol fearn.
Yn 1999 wie Cor Boonstra te gast yn it programma Om Utens. Dêryn fertelt er oer syn jeugd en de leafde foar de wettersport:
Letter kaam er yn tsjinst by Unilever as fertsjinwurdiger. Yn 1974 stapte er oer nei Amerikaansk bedriuw foar konsuminteguod Sara Lee, dêr't er letter foarsitter fan de ried fan bestjoer waard.
Philips
Begjin 1994 kaam Boonstra yn de ried fan bestjoer fan Philips. Hy wie ferantwurdlik foar de kampanje 'Let's make things better'. Twa jier letter waard er bestjoersfoarsitter. Dat wie er oant 2001. Yn dat jier waard de Senseo lansearre, in gearwurking tusken Douwe Egberts en Philips.
Oer himsels sei er net dat er ambisjeus wie, mar wol altyd nûmer 1 wêze woe by ferkeapwedstriden. Yn 2000 waard Boonstra ferkeazen ta topman fan it jier.
Boete
Begjin dizze iuw kaam er yn opspraak fanwegen hannel mei foarkennis. Hy stie terjochte om't er ynformaasje krigen hawwe soe fan syn eks-freondinne Sylvia Tóth yn har funksje by it Endemol-kommissariaat. Boonstra waard frijsprutsen.
Yn in oare saak moast er in boete betelje fan 135.000 euro foar it net melden fan hannel yn oandielen yn Ahold dêr't er sels kommissaris wie.
Boonstra ferstoar yn syn wenplak Amsterdam. Hy waard 87 jier.