Omrop Fryslân

Philips sit 75 jier yn Drachten: wat bart der yn it fabryk?

Oan it wurk by Philips
© Philips
It is dizze wike 75 jier lyn dat elektroanikabedriuw Philips him fêstige yn Drachten. It plak en it bedriuw binne yn dy tiid mei-inoar fergroeid rekke. Noch altyd wurde der in protte skearapparaten produsearre.
Spesjaal foar it 75-jierrich bestean mocht Omrop Fryslân - en sjoernalisten fan oare (nijs-)media - foar ien kear yn 'e fabrykshallen sjen.

OneBlade

Binnen is it fuortendaliks in kabaal fan ferskate masines. De enoarme apparaten binne dwaande om ien fan 'e hjoeddeiske paradehynderkes fan Philips te meitsjen: de OneBlade, in grien apparaatsje dêr'tst it hiele lichem mei skeare en trimme kinst.
Marloes de Vos, vice site leader by Philips Drachten, pakt grutsk in ferpakking op. "Dit is hjir yn Drachten betocht en wurdt hjir ek makke."
It falt op dat yn dizze seal kwealik minsken binne. Fierweihinne it grutste diel fan it produksjeproses is oernaam troch masines.
De OneBlades op 'e rinnende bân
© Philips
"Even aan de kant", ropt site leader Vincent van Veen ynienen. Der komt in ridend masyntsje oan. Se neame it by Philips in AGV, in 'automated guided vehicle'. It liket wol in selsridende heftruck. Dizze masine hat sels in namme: 'Eve'.
"Eve rijdt zelf van het magazijn naar de plek waar producten nodig zijn", seit Van Veen. "We hebben hier 32 van."

Hoe Drachtsters is Philips noch?

It mei dúdlik wêze dat de automatisearring en de robotisearring ek Drachten oandien hat. Dochs binne der ek noch 'gewoan' minsken oan it wurk. "We wurkje hjir mei 1.500 minsken", fertelt De Vos.
"Dat wie tweintich, tritich jier lyn ek sa. Sjochst dat it frij stabyl is. Nettsjinsteande automatisearring bliuwe wy minsken nedich hawwen."
Minsken oan it wurk by Philips
© Omrop Fryslân
Likernôch in tredde fan 'e meiwurkers is frou. Yn Drachten wurkje minsken fan mear as tritich nasjonaliteiten. It ropt de fraach op hoe Drachtsters oft Philips noch is.
"Noch hieltyd komme superfolle minsken út 'e regio", stelt De Vos, sûnder dat se dêrby de krekte sifers paraat hat. "Ast op 'e fabryksflier bist, kinst noch hiel goed Frysk prate."

Kommandosintrum

De tocht giet fierder nei it kommandosintrum. Op grutte buorden steane allegear statistiken oer de produksje en in grutte plattegrûn. It is it plak dêr't site leader Van Veen in protte te finen is.
"Er wordt niet meer in kladblokjes geturfd hoeveel er geproduceerd is", laket er. "Op deze schermen hebben we real time informatie en zien we direct welke machines stilstaan."
Masines yn Philips Drachten
© Philips
Efter it kommandosintrum sjogge we foar it earst meardere minsken byinoar oan it wurk. It docht bliken dat dêr de ûnderdielen fan 'e skearapparaten yninoar klikt wurde. Ek wurde de apparaatsjes kontrolearre oft se oan 'e kwaliteitseasken foldogge.
De meiwurkers wurkje yn heech tempo ûnfersteurber troch. Oan in peal hinget in foto mei in ring derop. Der stiet in streek trochhinne, as teken dat sokke juwielen net tastien binne by it dwaan fan it wurk. Op in kast achter de meiwurkers stiet in blikje Red Bull, mar blykber hat gjinien tiid of nocht om it op te drinken.
We denken dat we vele jaren voorliggen op de concurrentie.
Vincent van Veen, site leader Philips Drachten
We rinne by in seal del mei gifgriene masines. Dêr wurde alle plestik ûnderdielen mei makke. In man mei in grize burd en in giel Philipsfest oan rydt op in karke foarby. It is bjusterbaarlik dat er tusken alle masines syn paad wit te finen.
Mei alle ynnovaasjes en technologyen dy't der by Philips ynset wurde, doart Van Veen te sizzen: "We denken dat we vele jaren voorliggen op de concurrentie."

Alle skearkoppen fan Philips yn Drachten makke

Mar bliuwt Philips ek noch 75 jier yn Drachten? Want soe wat no yn Fryslân bart net like maklik op in oar plak kinne?
De Vos tinkt fan net. "Wat wy hjir dogge op it mêd fan metaal grinzet oan wat fysysk mooglik is, dat kin nearne oars. Alle skearkoppen fan Philips dy't op 'e wrâld binne, wurde hjir yn Drachten makke."
Philips yn Drachten
© Philips
Boppedat wurde der yn Drachten no ek elektryske toskeboarstels produsearre. Neffens De Vos is dat in "wichtige groeimerk" foar Philips.

Lelyline

Philips hat foar de regio-Drachten altyd fan grut belang west. Mei troch de komst fan it bedriuw groeide it doarp nei de Twadde Wrâldoarloch fan 9.000 nei 35.000 ynwenners.
Fierder waard yn 'e begjinjierren in frachtspoarline yn gebrûk naam op in eardere tramline en waard fleanfjild Drachten oanlein. En dan is der fansels ek noch it 'Philipsskûtsje' d'Heale Moanne.
Foar de kommende jierren binne der yn Drachten ek noch wol winsken. Sa hopet Van Veen dat de Lelyline der komt, sadat it bedriuw "een andere arbeidspopulatie kan aanboren."
De Vos sjocht yn elts gefal mei in goed gefoel nei de takomst. "Moatst it eltse dei opnij fertsjinje, mar de histoarje dy't wy hawwe, jout wol in hiel goed gefoel foar de takomst."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.