Omrop Fryslân

It kin fûgelwachters net ferfange, mar AI fynt no ek nêsten fan greidefûgels

Sytse Jan Wouda fan Fûgelwacht Warkum en BFVW-dronepiloat René van Dam yn it Warkumer Nijlân
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
It dûkt oeral op, ek wêr't je it net fuortendaalks ferwachtsje: AI, oftewol keunstmjittige yntelliginsje. Net allinne op kantoar, mar ek yn de Fryske greide.
As je as greidefûgel de aaien yn in moai nêst deponearre hawwe en dy sa goed mooglik ferstopje, kin it samar gebeure dat je nêst fûn wurdt mei help fan dy 'artificial intelligence'.
Want sân fûgelwachten eksperimentearren dizze maitiid mei in saneamde AI-drone op inisjatyf fan de Bond van Friese Vogelwachten (BFVW).
It is in proef. Dronepiloat René van Dam fan it BFVW helpt fûgelwachten dit middel te brûken.
Mei Sytse Jan Wouda fan de Warkumer fûgelwacht sjogge sy yn it Warkumer Nijlân nei in skermke wylst de drone oer de greiden fleant. Geregeld wurdt der in foto makke.
Mei de kombinaasje fan AI en in drone fine je mear nêsten
© Omrop Fryslân
De drone hat in ynternetferbining mei in server dêr't in AI-model op draait dat fuorre is mei mear as tsjientûzen foto's fan nêsten; al of net mei de fûgel der op.
Op it skerm fan it apparaat wêrmei Van Dam de drone fleant, mar ek op syn mobyltsje, ferskine al gau de earste nêsten dy't op grûn fan dizze 'training' fûn binne.
De fûgelwachter kin op syn mobyltsje of laptop, mei de foto fan it nêst derby, de waarnimming fan de drone befêstigje.
As it in echt nêst is, komt it automatysk yn it BFVW-registraasjesysteem te stean.
Ek moatte je noch oanjaan fan hokfoar fûgel it in nêst is. "Mar yn tachtich prosint fan de gefallen sit de fûgel der gewoan op", seit Dam.

Fergrizing

It kin in útkomst wêze foar fûgelwachters, want de fergrizing slacht ek hjir ta.
It kuierjen fan kilometers troch de greide om nêsten te finen is net foar eltsenien mear sa maklik is, leit Wouda út.
Yn de Warkumerwaard is it systeem ferline jier ek traind, dêr't it gers troch guozzen sa koartfretten is dat nêsten hiel sichtber binne.
Yntusken fynt de drone no ek nêsten yn lang gers, dy't fûgelwachters oars noch wolris oer de kop sjogge.
In broedsje (nêst mei fjouwer ljipaaien)
© Omrop Fryslân
Fûgelwachters, mar ek oare natuerbeskermers, brûke al langer drones foar harren wurk.
De ynset fan keunstmjittige yntelliginsje om nêsten te finen is in stik nijer.
Mar it wurket wol, sa sjocht Wouda yn de praktyk, want der sit ferskil tusken wat minsken sûnder dit helpmiddel fine en wat je ekstra fine mei de AI drone.
"Benammen yn de wat tichtere stikken dêr't aardich wat nêsten sitte, fynst mei de drone dochs noch wol ien, twa of trije nesten ekstra."
Foar de beskerming fan de lechsels is it benammen wichtich om nêsten te finen op plakken dêr't net in hiel soad fûgels it besykje.
Plakken dêr't in soad nêsten sitte, wurde oer it generaal wol goed beskerme.

"Bettere drone"

Underwylst stiet de wrâld net stil, sa wit Dam ek. "Ik tink dat der wol in fierdere ûntwikling mooglik is."
"We teste no mei dizze drones dy't kocht wurde troch fûgelwachten, mar it kin samar sa wêze dat der takom jier in bettere drone op de merk komt dy't wer oare mooglikheden jout. Dan kinne wy ek sjen oft wy wer fierder stappen meitsje kinne."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.