Fan fretten oant kealtsjes: hoe't AI it Fryske boerehiem feroveret
In kompjûter dy't de boer fertelt hokker fretten oft de kij ite moatte. Of automatyske updates op syn telefoan oer dy iene ko dy't kealje moat. It liket de boerepleats fan de takomst, mar de technyk bestiet no al.
Keunstmjittige yntelliginsje (AI) is yn koarte tiid trochbrutsen yn ferskate sektoaren. Tink oan techbedriuwen, de soarch, de yndustry of it ûnderwiis.
Mar as it oan melkfeehâlders Joram Hofman en Jouke Harders leit, stiet ek it Fryske boerehiem oan it begjin fan in wiere AI-revolúsje.
Digitale assistint
Ien fan de meast brûkte foarmen fan AI binne taalmodellen, lykas ChatGPT. Se wurkje as in soarte fan digitale assistint dy't mei dy meipraat en advizen jaan kin.
De modellen kinne in hiel soad ynformaasje ferwurkje en op basis dêrfan suggestjes dwaan. Foar boeren betsjut dat bygelyks flugger ynsjoch yn data, stipe by harren administraasje of help by it útwurkjen fan plannen.
Jouke Harders buorket op in pleats krekt bûten Parregea. Syn stâl hinget fol mei allegear goedkeape, digitale kamera's.
"Yn totaal binne it der ûngefear tweintich tink ik, mar by it hok dêr't de ko stiet dy't kealje moat hingje sân", fertelt de jonge boer wylst er de kamera's oanwiist.
De kamera's binne net om ynbrekkers bûten te hâlden. Se binne ûnderdiel fan in systeem dat in boer automatysk in melding jout as in ko oan it kealjen is. It systeem wurdt traind mei bylden út 'e eigen stâl en leart om patroanen te sjen.
Fruchtwetter of poatsjes yn byld
"Ik krij automatysk in update op myn telefoan dat de poatsjes derút hingje, of it snútsje, of it fruchtwetter. Mei de bylden derby, sadat ik yn 'e gaten hâlde kin oft alles goed giet."
AI op it boerehiem
It opfallende oan Harders syn systeem is dat hy gjin doel oer programmearjen hat. De software fan it programma is mei help fan AI stap foar stap opboud. "Ik fyn kompjûters wol moai, mar om no te sizzen dat ik der echt ferstân fan ha..."
Hoe't dat wurket? As in ko kealle hat, hellet Harders letter de bylden fan de kamera's werom. By alle bylden jout er oan wat dêrop te sjen is. "Fruchtwetter, poatsjes, it kopke. Soksawat. It model traint himsels mei dy bylden en kin sa hieltyd better begripe wat der bart yn 'e stâl."
Foeradviseur
Melkfeehâlder Joram Hofman út Lytsewierrum brûkt AI as in ekstra adviseur op syn bedriuw. Hy kombinearret gegevens fan 'e melktank en syn foerrobot en lit AI meitinke oer de optimale gearstalling fan it fretten fan 'e kij.
"Der gean trije soarten krachtfoer yn 'e foerrobot. As ik dan sjoch dat de stront fan de kij krekt wat te tin is, fier ik dat yn yn ChatGPT", leit Hofman út. "Dan krij ik advys oft ik krekt wat mear fan it iene of fan it oare jaan moat."
Dat giet eins hiel ienfâldich. Hy knipt de tabellen dy't hy krijt fan it molkfabryk of syn foerrobot en plakt dy yn de chatbot. Mei de juste fraach rôlet dêr dan in advys út.
Effisjinter
De melkfeehâlder begûn der in jier lyn mei en sjocht dat it eksperimint fertuten docht.
"De kij krije no wol krekt wat oars te fretten as in jier lyn en ek hoefolle oft se krije is ek wat feroare. Dêrmei is de opbringst wat omheech gien, dus we wurkje no effisjinter."
By it opstellen fan in beswierskrift of in subsydzje-oanfraach biedt AI him útkomst. Dochs beklammet Hofman dat it sûne boereferstân noch net mei pensjoen kin.
"Do moatst wol skerp bliuwe. Ik ha it wolris hân dat de persintaazjes dy't hy optelle moast net op hûndert útkamen", laket er. "Dan tinkst, hoe kinst sa dom wêze?"
Takomst
De foarbylden út Parregea en Lytsewierrum litte sjen dat AI takomst hat op it Fryske plattelân. Fan meitinken oer fretten en de administraasje oant fierdere automatisearring fan 'e stâl; de technyk jout boeren ekstra help en ekstra eagen. Mei dêrby altyd de einrezjy fan 'e boer sels.
AI wurdt sa in nij stik ark yn 'e arkbak fan 'e moderne boer.