Omrop Fryslân

AI-fabryk moat motor wurde fan in tûker Noard-Nederlân

De Stand van Noord-Nederland
© Omrop Fryslân
Dizze moanne hat de Europeeske Uny grien ljocht jûn foar de komst fan in AI-fabryk yn Grins, en dêr sil hiel Noard-Nederlân fan profitearje. De ynvestearring fan hûnderten miljoenen yn keunstmjittige yntelliginsje sil "een magneet voor kennis, talent en bedrijvigheid worden", seit Willem Jonker, foarsitter fan de Nederlânske AI-koälysje.
Jonker, dy't him hurd makke hat foar de komst fan de AI-fabryk, seit dat yn de Stand van Noord-Nederland, it ekonomyprogramma fan de trije noardlike omroppen, yn gearwurking mei SER Noord-Nederland.
Op tafel lei de fraach wat de regio oan it nije AI-fabryk ha sil en hoe't ûndernimmers meiliftsje kinne op de AI-trend.

Grut blydskip oer AI-factory

De eufory is grut sûnt dúdlik wurden is dat de AI-fabryk yn Noard-Nederlân komme sil. Neffens Jonker, hikke en tein yn is easten fan Grinslân, is it projekt yn feite "een enorme rekenmachine", dêr't grutte bulten data razendflch mei ferwurke wurde kin. Mar, seit er mei klam, de echte winst sit yn de kennis dy't deromhinne opboud wurdt.
Willem Jonker yn de Stand van Noord-Nederland
© Omrop Fryslân
"Je kunt het vergelijken met een vliegtuig: de fabriek is het toestel, maar je hebt een team nodig dat weet hoe je het bestuurt en er het uiterste uithaalt."
Dy 'bemanning' bestiet aanst út sa'n fyftich heechoplate spesjalisten. In part fan harren sil fan bûten de regio komme, mar Jonker hopet foaral op noardlik talint: "De Rijksuniversiteit Groningen en de noordelijke hogescholen leveren uitstekende mensen. Wie wil er nou niet werken met de nieuwste generatie computersystemen?"

Ynvestearring foar it hiele Noarden

Dat tinkt ek Jacob Klompien, kertiermakker fan it ekonomyske programma Nij Begun foar Grinslân en Drinte. Neffens him is it fabryk net allinnich in oanwinst foar Grinslân: "Friesland en Drenthe profiteren net zo goed. Dit is een investering in het hele Noorden."
Jacob Klompien yn de Stand van Noord-Nederland
© Omrop Fryslân
De earste tsientallen miljoenen foar it AI-fabryk kamen út de Nij Begun-pot, dêr't miljarden yn sitte dy't it kabinet útlutsen hat as werombetelling foar de ierdbevingsproblemen yn Grinslân. It Nij Begun-jild joech it goede setsje, stelt Klompien. "Als wij niet waren ingestapt, had het Rijk het geld niet bijgelegd."
Klompien sjocht it fabryk as in symboal fan in nije, mienskiplike ekonomyske koers: "AI past perfect in de omslag die we willen maken na de gaswinning: van grondstoffen naar kennis en innovatie."

Underwiis skoot oan

Dy kennis moat benammen út it Noarden sels komme, fynt Mare Riemersma fan ûnderwiisorganisaasje DC Terra. Hja wurket gear mei Noorderpoort en it Alfa-college oan nije opliedings dêr't AI yn ferwurke is."Je ziet het niet terug in onze lesprogramma's als apart vak, maar het zit overal in."
Mare Riemersma yn de Stand van Noord-Nederland
© Omrop Fryslân
"We leiden vakmensen op die leren omgaan met digitale systemen en die bedrijven helpen bij innovaties."
Sels brûkt se AI yntusken alle dagen. "Ik heb een digitale 'agent' van mezelf gemaakt die me helpt bij mijn werk."

Bedriuwen moatte doarre

Luca Jhapsie, adviseur by it bedriuw Turnnext, helpt ûndernimmers mei it tapassen fan AI. In protte bedriuwen hawwe wol troch dat se wat mei AI moatte, mar witte faak net hoe't se dêrmei begjinne, sjocht Jhapsie. "Maak het klein", is syn advys.
Luca Jhapsie yn de Stand van Noord-Nederland
© Omrop Fryslân
Want lytse stappen kinne al grutte winst opsmite. "Een bouwbedrijf dat bouwvergaderingen laat notuleren door AI, bespaart uren per week. Een restaurant kan reserveringen laten afhandelen door een spraakgestuurde assistent. En in de zorg kan AI helpen met het analyseren van beelden of patiëntdata."
Het raakt niet alleen eenvoudige banen, maar ook die van juristen, notarissen en adviseurs.
Jacob Klompien, kertiermakker fan Nij Begun
Dochs bestiet ek ûnwissens, want troch AI sille banen ferdwine. Jonker: "Ja, sommige wel. Programmeurs die handmatig code schrijven, zien hun werk veranderen. Maar er komen ook nieuwe functies bij."
Klompien follet oan: "Het raakt niet alleen de eenvoudige banen. Ook juristen, notarissen en adviseurs krijgen ermee te maken."

Grutte rol yn 'e sûnenssoarch

AI kin boppedat in grutte rol spylje yn 'e sûnenssoarch, fertelt Klompien. "In onderzoeksprojecten als Lifelines van het UMCG kunnen we met enorme hoeveelheden medische data vroegtijdig ziektes herkennen. Dat gaat levens redden."
AI kin op termyn in soad betsjutte yn 'e soarch
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
It behanneljen fan sykten kin ek ferbettere wurde mei AI, follet Jonker oan. "We werken al aan een groot landelijk project voor betere kankerbehandeling. Het is kennis die hier in het Noorden kan wortelen."

Europa noch op efterstân

Jonker wijst er ondertussen ook op dat Europa op AI-gebied nog achterloopt ten opzichte van technologisch toonaangevende landen als China en de VS.
Jonker wiist yntusken ek op it feit dat Europa op AI-gebiet noch efterrint by technologysk foaroprinnende lannen as Sina en de Feriene Steaten. "Maar met de AI-fabriek bouwen we aan een eigen ecosysteem, waarin we zelf producten en diensten kunnen ontwikkelen."
Dêrfoar is goed ûnderwiis krúsjaal. "We hebben meer technisch geschoolde mensen nodig die begrijpen hoe AI werkt", zegt de AI-voorman.
Riemersma pleitet dêrom foar spesifike ynvestearrings yn mbo-studinten: "Geef elke mbo'er een abonnement op een AI-tool zoals Copilot (AI-programma fan Microsoft, red.). Veel van die jongeren blijven in de regio en vormen de ruggengraat van onze economie."

Minsklike maat

Hâld wol de minske sintraal, warskôget Riemersma. "AI mag geen doel op zich worden. Studenten, werknemers, bestuurders: ze moeten begrijpen wat de technologie doet én wat dat betekent voor menselijk contact en samenwerking."
Of, sa as Jhapsie it gearfettet: "AI gaat niet over machines die mensen vervangen. Het gaat over mensen die slimmer werken met machines."

Stand van Noord-Nederland

Stand van Noord-Nederland is in searje programma's oer de noardlike ekonomy, makke troch RTV Noord, RTV Drenthe en Omrop Fryslân yn gearwurking mei de SER Noord-Nederland.
Online is de útstjoering no al te sjen, op telefyzje is Stand van Noord-Nederland by Omrop Fryslân te besjen op tiisdei om 17.30 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.