Omrop Fryslân

In Fryske ferzje fan ChatGPT? Dit is wêrom't Fryske organisaasjes dêr miljoenen yn stekke

Data Fryslân wol in digitale terp bouwe
© Dizze foto is makke mei AI
Tweintich Fryske organisaasjes, fan oerheden en bedriuwen oant soarch en skoallen, stekke de kommende fiif jier 5,5 miljoen euro yn in eigen AI-ynfrastruktuer foar de regio.
It moat yn alle gefallen soargje foar de komst fan in nij, Frysk AI-model dat wurket mei keunstmjittige yntelliginsje.
It giet om technology dy't kompjûters yn steat stelt om te learen fan gegevens dy't ien oan it AI-model jout.
It kin dêrnei selsstannich taken útfiere dy't gewoanwei troch in minsk dien wurde moatte. Tink bygelyks oan it werkennen fan patroanen, it jaan fan advys of it meitsjen fan foarsizzingen.
Miljoenen beskikber foar Fryske ferzje fan ChatGPT
De inisjatyfnimmers gean foar de bou fan in digitale terp: in terp fan Fryske data.
"Terpen stonden vroeger symbool voor veiligheid en samenwerken", fertelt direkteur Rudolf Simons. "Dat geldt ook voor een Fryske AI. Dat lukt alleen door samen te werken en te passen op onze eigen data, een eigen veiligheid creëren."
It inisjatyf komt út de koöperaasje DataFryslân. Dat is in gearwurkingsferbân dêr't de leden sels eigener binne fan harren data én en de ynfrastruktuer.
Rudolf Simons fan Data Fryslân
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De ambysje: eigen Fryske data foar Fryslân yn in wrâld dêr't de digitale ûntwikkelings rap geane en faak oanstjoerd wurde troch partijen bûten Nederlân. Fansels ropt it fragen op: hoe realistysk is dat yn in wrâld dêr't techreuzen as Google, Meta en OpenAI it tempo bepale?
"We willen zelf de regie houden in de wereld van AI. Met eigen taal en eigen data. Omdat het steeds lastiger wordt in deze wereld om de waarheid te achterhalen."
"Dan kun je het beter dicht bij huis zoeken, met eigen data."
Rients Dotinga makket it Fryske AI-model
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Direkteur Rudolf Simons leit it belang út: "Wij denken dat in de toekomst zorgrobots die de Friese taal én cultuur snappen beter zijn voor de inwoners dan de grotere AI-modellen."
Gjin sifers of data út hiel Nederlân wei, mar sifers oer saken dy't yn Fryslân spylje, ûndersocht yn Fryslân.
Alle leden fan Data Fryslân
© Data Fryslân
"Als we besluiten moeten nemen over grote onderwerpen als armoede, circulariteit of waterhuishouding, dan gaat dat beter gaat als we onze eigen AI gebruiken en daarvoor onze eigen data inzetten."

Bysûndere gearwurking

Der is in gearwurking ûntstien tusken oerheden, bedriuwen, soarch- en ûnderwiisynstellingen.
"Globaal gezien zou je kunnen zeggen dat de helft daarvan overheden zijn, maar het zijn ook kennisinstellingen of belangenbehartigers of burgerinstellingen zoals Huurdersbelang Fryslân."

De organisaasjes en ynstellingen dy't ynvestearje yn it Fryske AI-model

Huurdersplatform Nieuw Elan, provinsje Fryslân, Rijksuniversiteit Groningen, ROS Friesland, Huurdersbelang Fryslân, hegeskoalle NHL Stenden, Tresoar, De Friesland, Planburo Fryslân, Elkien en de gemeenten Hearrenfean, Ljouwert, Noardeast-Fryslân, Opsterlân, Smellingerlân, Súdwest-Fryslân, Tytjserksteradiel, Waadhoeke en Weststellingwerf.
De wrâld wurdt oerspield mei ferskate AI-modellen. De ûntwikkeling giet gigantysk hurd. Watfoar doel hat it om yn al dat geweld in Fryske ChatGPT te bouwen?
"Wat we eigenlijk zouden willen is dat onze data Friesland echt begrijpt. We zouden onze modellen willen trainen met Fries filmmateriaal zodat het kan leren om de Fries te begrijpen."
It eigen AI-model moat al gau yn gebrûk wêze. "Ik denk dat die in 2026 klaar is en dat we voor die tijd al best veel dingen kunnen laten zien."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.