Omrop Fryslân

Hoe't AI in Frysk ferske skriuwe kin: "Beppe tocht dat ik in orkest ynhierd hie"

It wie dus gjin hiel orkest, mar keuntsmjittige yntelliginsje
© Shutterstock
It wurdt hieltyd makliker om AI te brûken om Fryske teksten te skriuwen, te hifkjen of sels om Fryske teksten te sjongen. Ruwan van der Vaart út Drachten is dosint Smart Media Production oan de hegeskoalle fan Amsterdam en lit syn learlingen sjen hoe't de technyk hieltyd better wurdt.
Van der Vaart liet AI sels al in ferske meitsje foar syn beppe har jierdei. De beppe fan Ruwan hie net hielendal yn de gaten dat it ferske net sels ynsongen wie.
"Dy tocht dat ik in hiel orkest ynhierd hie", seit Van der Vaart. En sa lykje AI-produksjes mei de moanne muoiliker fan echt te ûnderskieden.
Sa klinkt it Fryske nûmer makke troch AI:
It ferske foar de 92e jierdei fan beppe Lammie
Dat wylst just by de Fryske taal noch wol wat te winnen falt. "It Frysk is in minderheidstaal, Ingelske of Frânske ferskes binne al folle better. Want wat mear oft gebrûk makke wurdt fan AI yn in taal, wat better de software 'traind' wurdt."
Van der Vaart leart syn learlingen om AI ta te passen foar de marketing, dat kin om in chatbot te meitsjen foar in klanteservice of in website, of sels ek muzyk of film.
Ruwan van der Vaart
© Jelmer van der List
"Ik ha sels in grafyske oplieding dien, en eartiids wiest in pear wiken dwaande om in website te bouwen. Mar mei AI dogge ús studinten dat yn in pear dagen, dat giet ûntsettend flot."

Goeie en oant sjen

Ek it Frysk komt yn Amsterdam oan bar. De studinten fersteane der neat fan, mar neffens Van der Vaart fine se it wol moai om te learen. "It begjint syn fruchten al wat ôf te werpen, want se begroetsje my yn Amsterdam al mei 'goeie' as ik binnenstap en 'oant sjen' as ik nei hûs ta gean."
It is just moai as dat yn de memmetaal kin.
Ruwan van der Vaart
Keunstmjittige yntelliginsje brûke foar Fryske skreaune of sprutsen teksten kin in soad doelen ha. "Je ha yn de geastlike sûnenssoarch in lange wachtlist, mar dêr wurdt it ek wol foar ynset om minsken op in natuerlike en minsklike manier prate te litten oer har problemen."
"Faak is dat noch yn it Ingelsk of Nederlânsk. Mar it is just moai as dat yn de memmetaal kin."

De oare kant fan AI

Neffens Van der Vaart soe AI helpe kinne om it Frysk yn stân te hâlden yn de takomst, mar it hat ek oare kanten. "Der binne ek etyske fragen en dêr meitsje wy ús studinten ek wol bewust fan."
"Hoe sit it bygelyks mei de privacy as gefoelige ynformaasje deryn telâne komt? En mei muzyk en film komt de fraach oer auteursrjochten op. Wa hat de rjochten derfan?"
Neffens Van der Vaart is it wichtich dat der altyd in minsklik lûd yn foarkomt. Dat je net alles klakkeleas oernimme moatte en it sûne ferstân brûke moatte.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.