Learlingen praktykûnderwiis rekkenje ôf mei foaroardielen: "AI kin gjin muorke mitselje"
In reguliere skoalle is better foar dy as in praktykskoalle. Of noch slimmer: do bist dom asto praktykûnderwiis folgest. It binne foaroardielen oer it praktykûnderwiis dy't op De Diken yn Snits trochbrutsen wurde.
Learlingen yn it praktykûnderwiis wurde regelmjittich konfrontearre mei foaroardielen en stigma's, sa sizze se op De Diken. "Sy sizze dan tsjin my dat ik dom bin, of dat ik nei in domme skoalle gean", seit in learling yn de klasse.
"Spitigernôch hearre wy dat hiel faak. It is ek skamte", seit Mirjam Bergsma, dosint yn Snits.
"Foaroardielen kinne de learûnderfining, motivaasje en takomstkânsen fan learlingen tige negatyf beynfloedzje", seit Bergsma. It binne misfettingen dy't ûntstean troch in ferkeard byld fan it praktykûnderwiis. "It is krusjaal om dizze foaroardielen te trochbrekken."
Debatearje mei Emiel fan De Hûnekop oer foaroardielen praktykûnderwiis
De learlingen diskusjearje mei Emiel Stoffers - bekend fan de Fryske band De Hûnekop - oer de stellingen. Sy ûntdekke dat de measte stellingen net wier binne.
"Der is in hiel protte fraach nei minsken dy't goed mei de hannen binne. Wy hawwe aansten AI, mar dy kin gjin muorke mitselje", leit Stoffers út.
"Grutsk wêze"
"Se moatte har net skamje, se moatte grutsk wêze dat se hjir op skoalle sitte. Want ast op in ferkearde skoalle sitst, wurdt it neat. Ik skoarde goed op de Cito-toets, mar ik woe net tefolle yn de boeken sitte. Ik waard deaûngelokkich op de havo."
De faakst foarkommende foaroardielen binne dat learlingen 'minder tûk' binne of dat se gjin weardefolle bydrage leverje kinne oan de mienskip.
"Dat hoor ik wel eens", fertelt in famke oan de ein fan de diskusje.
"Dat hoor ik wel eens", fertelt in famke oan de ein fan de diskusje.
De fokus yn it praktykûnderwiis leit op praktyske feardichheden en persoanlike groei. Dêrtroch kin in learling nei it ôfmeitsjen fan it praktykûnderwiis trochstreame of mei wurkûnderfining fuortendaliks de arbeidsmerk op.