Ek Saffier krijt syn vmbo-diploma; dat is bysûnder (en tagelyk júst net)

Fjouwer learlingen fan it spesjaal ûnderwiis dogge mei oan de diplomaútrikking op it OSG Singelland. En dat is unyk.
Fier is er. Saffier hat in glim fan ear oant ear mei syn praktykdiploma yn de hân. "Ik had niet verwacht dat ik behandeld zou worden als een normale student. Hoe grof dat ook klinkt. Nu word ik behandeld als iedereen."
Saffier sit op it fuortset spesjaal ûnderwiis (VSO), op de skoalle De Zwaai en docht syn praktykeksamens op it OSG Singelland. "Aangezien ik wel op het speciaal onderwijs zit, zou je denken dat ik een andere behandeling krijg. Dat gebeurt niet, dus ik ben zeer tevreden!"

De learlingen fan it VSO dogge dus harren praktykûnderwiis op it OSG Singelland. De skoalle hat dat yn gearwurking mei spesjaalûnderwiisorganisaasje RENN4 dien.
"De leerlingen volgen een deel van het programma bij ons en een deel bij RENN4", seit teamlieder Hanneke van Stralen fan it OSG.
"Zo kunnen de leerlingen een volwaardig VMBO-diploma halen. Het is bedacht om het ook nog verder uit te breiden, zodat we nog meer leerlingen deze kans kunnen bieden. Volgend jaar bieden we dan ook het niveau basis er bij aan."
De skoalle woe graach de learlingen beleane foar it heljen fan it praktykpart fan de oplieding. "Tot op heden hebben wij nog nooit gebruikt gemaakt van de feestelijke uitreiking voor deze leerlingen. Dat doen we vanaf nu juist wel."
Het is maar een mondeling, niets speciaals!
It is dus noch gjin folslein diploma. Sneon moatte de learlingen noch in Staatseksamen dwaan. Saffier makket him gjin soargen: "Ik ben er wel klaar voor. Het is ook maar een mondeling, dus het is niets speciaals!"
Dy tarieding komt letter wol. No earst genietsje fan dit feestje, of sa as Saffier seit: "Nu lekker rustig chillen."