Omrop Fryslân

Twa ton subsydzje foar AI-drone dy't aaisykje kin

In greidefûgeldrone
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Wurdt it earste ljipaai yn de takomst fûn troch in drone yn stee fan in minske? Der is yn elts gefal twa ton subsydzje beskikber steld foar in drone dy't aaisykje kin.
Drones en aaisykje; it binne miskien net saken dy't je fuortendaliks mei-inoar ferbine soenen. Dochs brûkt de Bond van Friese Vogelwachten (BFVW) de fleanende masinen al in skoftke.
"De drone makket bylden en dan moatte we sels de konklúzje lûke oft it giet om in nêst of in fûgel", seit René van Dam fan de BFVW.
No wol it bûn sjen oft it mooglik is om de drone te learen om sels te beoardieljen oft it giet om in fûgel in nêst of wat oars.
In proef fan de ôfrûne twa jierren wie sa suksesfol dat it no de bedoeling is om de technyk yn de praktyk te bringen.
Kin in drone daliks ljipaaien fine?
© Archief BFVW
It falt noch net ta om dat foarinoar te krijen, wit Van Dam. "Minsken witte op in bepaald stuit: okee, dit is in ljippenêst, in skriezenêst sjocht der wat oars út: de kleuring fan de aaien en de draaiïng fan it gers is oars."

70.000 foto's

Foardat in drone dat trochhat, bist gau in skoft fierder. "Wy hawwe in gearwurkingsferbân mei ûnder oare hegeskoalle NHL Stenden. Dêr teste we in drone. It liket hiel simpel: we jouwe foarbylden en op in gegeven momint snapt de software dat."
"Mar dy hat dochs wat mear foarbylden nedich as in minske. Dat is in hiel karwei."

Jild fan provinsje en Europa

De BFVW hat de subsydzje foar de drone oanfrege. Fjouwer oare partijen dogge mei oan it projekt, dat binne hegeskoalle NHL Stenden, de Dairy Campus yn Ljouwert, melkfeehâlder Bruinsma út Lollum en softwareprodusint Air Drone Support.
It projekt hat grien ljocht krigen fan it Samenwerkingverband Noord-Nederland, wêrmei't it no jild krijt dat by provinsje Fryslân en it EU-potsje GLB (Gemeenschappelijk landbouwbeleid) weikomt. De subsydzje is bedoeld foar ynnovaasje.
Om de drone te trainen, binne 70.000 foto's naam yn it fjild en dêr binne 10.000 fan mei de hân beoardiele. As der in nêst sjoen waard op in foto, waard dêr in fakje omhinne set. Sa kin de AI-drone de nêsten daliks werkenne.
In ljip yn it fjild
© Shutterstock.com (Erni)
It foardiel fan de technology is dat de drone net allinnich de maklike nêsten fynt, mar ek de dreger te finen, goed kamûflearre nêsten.

Minskewurk

Dochs kinne de drones minsklike aaisikers noch net ferfange. "In minske is wol nedich om oanstjoering en filters te jaan: dit binne potinsjele gebieten dêr't nêsten lizze kinne."
Soe it earste ljipaai yn de takomst fûn wurde kinne mei in drone? Nee, seit Van Dam resolút. "Wy hawwe al yn de regleminten opnaam dat drones net thúshearre yn sa'n wedstriid."
En al soest de drone wol brûke, dan hast der noch net in hiel soad oan, tinkt Van Dam. "Wy brûke in waarmtebyldkamera en de ljippen begjinne pas te brieden as se fjouwer aaien hawwe. As se in ienke, in twake of in trijeke hawwe, binne se noch net waarm."
Fierder giet Van Dam út fan de earlikens fan de finer.
Oan it aaisykjen
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
"Moatst dy drone echt sjen as in helpmiddel", seit Van Dam. "It is hartstikke wichtich dat minsken kennis hâlde fan it fjild: hoe giet it mei de fûgels? Wat is nedich? Sa'n drone hat dy kennis net, dus it moat in kombinaasje wêze fan minske en drone."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.