Omrop Fryslân

Earste ljipaai fan Fryslân fûn by Lúkswâld

Ewout Schröder en Auke Tuinstra mei yn 'e midden BFVW-foarsitter Keimpe Strikwerda
© BFVW
Auke Tuinstra (28) út Drachten en Ewout Schröder (30) út Jirnsum ha it earste Fryske ljipaai fûn. Dat barde sneontemoarn yn in fjild fan boer Jan de Haan by Lúkswâld. De manlju fûnen it aai om 07.25 oere.
Tuinstra en Schröder seagen freedtemiddei al meardere ljippen yn it fjild, mar fûnen doe noch gjin aai. Dêrom giene se no betiid op 'en paad en troffen se wol in ljipaaike oan yn de moarnssinne.
BFVW-foarsitter Keimpe Strikwerda en meiwurker Inge van der Zee fan it fûgelwachtersbûn kamen nei it fjild ta om it aai te lotterjen.
It earste Fryske ljipaai fan 2025
© BFVW
De beide finers wurde om 17.00 oere huldige troch kommissaris fan de Kening Arno Brok. Se krije dan de Sulveren Ljip útrikt op it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Foarige jierren

Ferline jier wie Anne Wind fan Penjum op 5 maart de gelokkige earste finer. Hy trof it aai oan yn it fjild fan Ychtenbrêge. It jier dêrfoar fûn hy ek al it earste aai.
De betiidste fynst waard yn 2019 dien, doe fûn Eduard van der Hoek it earste aai al op 28 febrewaris oan by Vegelinsoard. Nea earder waard in ljipaai sa betiid yn it jier fûn.

Eardere finers

Jier Finer Plak
2024 Anne Wind Ychtenbrêge
2023 Anne Wind Skarsterbrêge
2022 Wietse Jan Dijkstra Warkumerwaard
2021 Simon Spriensma Raard
2020 Michel van der Goot Aldegea (De Fryske Marren)

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.