Anne Wind fynt opnij earste ljipaai fan Fryslân

ljipaai
Anne Wind mei it earste aai fan Fryslân © BFVW / Charlotte de Groot
Anne Wind fan Penjum hat opnij it earste ljipaai fan Fryslân fûn. Hy trof it aai om 07.59 oere oan op in perseel by Ychtenbrêge.
De Bond van Friese Vogelwachten (BFVW) hat de fynst fan it earste aai goedkard.
Wind wie ferline jier op 12 maart ek al de finer fan it earste ljipaai fan Fryslân. Doe fûn er 'm yn in stik greide by Skarsterbrêge.

Net de earste fan Nederlân

It aai fan Wind wie net de earste fan it lân. It alderearste ljipaai fan Nederlân waard op 2 maart al fûn troch Wil Schotanus yn Beuningen (Gelderlân). Schotanus is wol in Fries om utens, hy komt oarspronklik fan Sint Nyk.
De iennige kear dat it earste ljipaai fan Nederlân de ôfrûne tsien jier yn Fryslân fûn waard, wie yn 2019. Eduard van der Hoek hie doe byt by Vegelinsoard. Hy fûn dêr op 28 febrewaris it earste aai. Dat is ek it lanlike rekôr: nea earder waard sa betiid al in ljipaai fûn.

Sulveren Ljip

De finer fan it earste ljipaai fan de provinsje krijt de Sulveren Ljip út hannen fan de kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dêr heart ek in oarkonde by út hannen fan de boargemaster fan de gemeente dêr't it aai fûn is. Dat is dizze kear Fred Veenstra fan De Fryske Marren.
De Sulveren Ljip wurdt al mear as in iuw útjûn, om omtinken te freegjen foar de ljip yn Fryslân. It aaisykjen giet noch fierder werom: healwei de 19e iuw waard it earste ljipaai al oanbean.