Omrop Fryslân

Earste ljipaai no ek op Skiermûntseach fûn; Frije Fjild yn hiel Fryslân sletten

As lêste gemeente fan Fryslân is no ek op Skiermûntseach it earste ljipaai fûn. Douwe Dam wie de gelokkige. Mei de fynst is it Frije Fjild yn Fryslân sletten, der mei net mear nei aikes socht wurde.
Yn alle oare gemeenten wie it earste aai al fûn. Dam (56) is fan de lokale fûgelwacht. Hy fûn moandeitemoarn in trijke op syn eigen lân.
Hy hie syn each al op in kâns, mar dy lei yn in gebiet dêr'tst net komme meist as dêr guozzen binne. Dam hat wachte en fan 'e moarn wie syn momint.
"Tijd voor de neisoarch!", skriuwt it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.

Harns en Eaststellingwerf

Snein fûn Doede Kooistra (34) fan Easterein it earste aai fan de gemeente Harns. Sneon waard it earste ljipaai fan de gemeente Eaststellingwerf fûn. De eare wie oan Amarins Willemsma (49) út Húns. Sy fûn it aaike by Wolvegea.
Om by it aai te kommen, moast se noch wol in dreech begeanber bitefjild troch.

Sulveren Polske

De 12-jierrige Hidde van Dam út Bakhuzen krijt foar it twadde jier op rige it Sulveren Polske foar it earste jeugdaai fan Fryslân. By Koudum fûn er freedtemiddei in twake.
It wie kâld, mar dochs sette de jonge aaisiker troch mei syn syktocht. Doe't er it nestke mei de twa aikes fûn, krige hy it dêr suver waarm fan.
Hidde van Dam (12) fûn in twake by Koudum
© BFVW
Van Dam waard sneontemoarn huldige troch deputearre Matthijs de Vries.
Ferline jier fûn Hidde it earste jeugdaai ek al by Koudum. As er takom jier wer meidocht, sil er him mjitte moatte mei de folwoeksenen, want dan is er te âld foar de jeugd.
Op de kaart hjirûnder is te sjen wa't yn hokker gemeente it earste aai fûn hat. Op Flylân is it aaisykjen ferbean.
It alderearste Fryske aai stiet net op de kaart. Dat lei by Lúkswâld. Dat jildt as in provinsjaal aai.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.