Earste ljipaai is "moaiste dat wy ea sjoen ha": dream komt út foar Auke en Ewout
In dream komt út foar Auke Tuinstra (28) út Drachten en Ewout Schröder (30) út Jirnsum. Sy fûnen it earste ljipaai fan Fryslân yn in fjild by Lúkswâld.
Ien dei earder seagen se op itselde stik lân al meardere ljippen. Doe al giene se mei it hert yn 'e kiel it fjild yn om te sjen oft der al in aaike lei, mar der lei noch neat.
Sneontemoarn betiid ha se it fûn, op itselde plak dêr't se earder al socht hiene.
Auke en Ewout fûnen it earste ljipaai
"Fannacht ha ik der noch oer dreamd en dan wurdt it no wurklikheid. Dat is prachtich", seit Auke. "Ik lei de hiele nacht yn bêd al te draaien, want ik wist dat se der oan ta binne."
"Kievitskoorts", seit Ewout. "Myn freonen sizze ek altyd: kinst neat mei dy jonge begjinne as it maitiid is. Dan wol ik mar ien ding: yn it fjild wêze. En om dan it earste aai fan Fryslân te finen... Dat in unyk!"
Doe't de mannen it aaike seagen, wisten se fan bliidskip even net mear wat se dwaan moasten.
"De earste pear minuten ha we net in soad sein", seit Ewout. "Op in gegeven momint sei ik: belje, belje!" Aaisikers moatte de fynst fan in earste aai telefoanysk trochjaan oan it fûgelwachtersbûn BFVW. Foarich jier moasten se Henk de Jong dêrfoar belje.
"Ik soe Henk belje, mar ik ha wol tsien ferskillende Henks yn de telefoan. Ik wist net mear hokker Henk oft ik ha moast. Doe ha ik Inge mar belle." Inge van der Zee fan it BFVW is nei Lúkswâld riden, en stelde dêr fêst dat it echt om it earste aai gie.
De finers fan it earste aai binne huldige yn it provinsjehûs. Dêr krigen se de sulveren ljip:
Sulveren ljip
"Dit is it moaiste aai dat wy oait sjoen ha. It lei der prachtich by en it nestke wie moai opmakke", seit Auke. "Mar wytst, it it earste ljipaai fine is hartstikke moai, mar je wolle gewoan dat it goed giet mei de greidefûgels."
"En sa'n earste ljipaai is de foarbode fan it greidefûgelseizoen. Ik hoopje op in fruchtber jier. Dat it goed giet en der wer wat mear piken grut wurde as de ôfrûne jierren."