Jonge Wartensters meitsje karriêre mei AI yn Latynsk-Amearika: "We hawwe alles meimakke"
Twa Fryske jonges wurkje foar in Amerikaansk bedriuw dat mei help fan keunstmjittige yntelliginsje (AI) wurkjouwers en persoaniel byinoar bringt. "Wy hawwe mear as in miljoen bedriuwen en kandidaten op ús platfoarm."
Wesley Bouwmeester (27) en Jan-Sytze Heegstra (22) kenne inoar fan it doarp Warten, mar ek fan Enschede dêr't se allebeide studearre hawwe. No betsjinje se út Meksiko wei hiel Latynsk-Amearika.
Meksiko
No wenje se oan de westkust fan Meksiko, yn it plak Puerto Vallarta. Se wurkje foar it Amerikaanske bedriuw CazVid, dat wurkjouwers en wurksykjenden byinoar bringt.
Op de app fan it bedriuw stean fakatueres fan bedriuwen. Minsken dy't in baan sykje, kinne sels filmkes uploade.
Wesley: "Dêr kinst oerhinne scrolle, lykas op TikTok. Ast ien sjochst fan wa'tst tinkst dat dy wol past, kinst dy persoan in berjocht stjoere."
En dan is der as twadde in webside dêr't mei AI in grut part fan it wurk fan recruiters en job hunters dien wurdt. Dat binne minsken dy't yn opdracht sollisitaasjekandidaten sykje.
Dat wurket sa: in bedriuw stjoert de eigen fakatuere plus de fideo's en cv's fan de sollisitanten troch. CazVid set AI yn om de gaadlikste kandidaten derút te sykjen en fragen te meitsjen foar it sollisitaasjepetear.
It wurkgebiet fan Wesley en Jan-Sytze beslacht hiel Latynsk-Amearika. Dat is wol hiel grut, mar dochs net hielendal ûnbekend terrein.
Jan-Sytze: "We hawwe earder yn Medellín yn Kolombia wenne en Wesley hat ek noch yn Kosta Rika wenne. We sitte no yn Puerto Vallarta oan de kust, mar wy hawwe ek yn Meksiko-stêd wenne."
"De merk dy't wy op dit momint betsjinje is hiel Latynsk-Amearika", seit Wesley. "We hawwe bedriuwen mei banen yn alle lannen. Datselde jildt foar kandidaten. We hawwe mear as in miljoen bedriuwen en kandidaten op ús platfoarm."
Puerto Vallarta is in geweldich plak om te wenjen, fynt Jan-Sytze. "It is hjir altyd moai waar. De kultuer en it Meksikaanske iten sprekke ús ek hiel bot oan. It ferfeelt noait."
Kultuershok
Al is dy kultuer wol hiel oars as yn Fryslân, dat moat sein wurde. It ferskil is sa grut datst hast wol sprekke kinst fan in kultuershock, seit Wesley.
"De minsken hjir binne folle minder stûf en minder koel as faak fan Nederlanners sein wurdt."
Alle wiken leare we nije minsken kennen.
"Hjir stean de minsken altyd foar dy klear. It is hiel waarm en iepen. Alle wiken leare we nije minsken kennen. Foardat we it witte hawwe we alwer nije freonen makke. Dan komme we wer in salsalearaar tsjin, neam mar op."
"We hawwe alles wol meimakke. Dêr hâlde we fan, dat aventoer. Untdekke hoe't it hjir is, oan dizze kant fan de wrâld."
Jan-Sytze is it mei him iens. It is makliker om kontakt mei minsken te meitsjen. Hy neamt in foarbyld út eigen ûnderfining.
"Stiest yn in supermerk nei mango's te sjen, komt der in âlde frou oan dy't seit: 'Do moatst dizze hawwe. Dit is de bêste.' En dan regelje se dat foar dy. Yn Fryslân en yn Warten is it oer it algemien wat minder direkt. Sprekst de minsken net gelyk op sa'n wize oan."
Hjir binne net safolle regeltsjes.
Wesley nuânsearret dat in bytsje. Yn Warten kenne minsken inoar en dêr stean se ek foarinoar klear.
Mar oer it gehiel naam, wurde frjemdlingen yn Fryslân of yn Nederlân op in oare wize opfongen as yn Latynsk-Amearika.
Der is noch in oar foardiel, seit Jan-Sytze. "Hjir binne net safolle regeltsjes. It is allegearre net sa strang."
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien?
Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
En wat binne harren plannen foar de takomst? Foarearst binne se noch wol drok mei wurk en ûndernimmen.
Wesley: "Wy sitte hjir perfekt. Plannen om dat te feroarjen hawwe we foarearst net. It soe wol moai wêze om rjochting de ein fan it jier wer efkes om ús hinne te sjen. Miskien in oar plak yn Meksiko. We moatte mar ris sjen. Miskien ek wol mear rjochting Súd-Amearika. Brazilië of sa."
Oft se Fryslân wolris misse? "Jawis", sizze beide manlju. Sûnder mis.