Omrop Fryslân

De regio op eigen krêft: "Het Noorden moet zich minder focussen op de Randstad"

De Stand van Noord-Nederland
© Omrop Fryslân
Noard-Nederlân moat mear op eigen krêft bouwe oan de takomst, fynst Ryksboumaster Francesco Veenstra. "Kijk minder naar de Randstad en meer naar wat je zelf te bieden hebt."
De Rânestêd sit fol, mar neffens Veenstra leit de oplossing net allinnich yn it ferpleatsen fan minsken en bedriuwen nei it Noarden ta. "We moeten niet automatisch denken in termen van Randstad versus regio."
"Het gaat erom dat regio's hun eigen kracht benutten. Zoek wat het Noorden uniek maakt en versterk dat. Maak de regio minder afhankelijk van de Randstad."

Op eigen fuotten

De Ryksboumaster, dy't de oerheid ûnôfhinklik advys jout oer hoe't Nederlân ynrjochte wurde moat, seit dat yn 'e tredde ôflevering fan de Stand van Noord-Nederland, dy't giet oer de romtlike takomst fan it Noarden: wêr komt wentebou, hokker plak krije yndustry, lânbou, natuer en oare romtebrûkers as definsje?
Francesco Veenstra yn de Stand van Noord-Nederland
© Omrop Fryslân
Mear op eigen fuotten stean, betsjut dat de regio oars sjen moat nei ûntwikkeling, stelt Veenstra. De oanlis fan in rappe treinferbining nei de Rânestêd moat dan ek gjin útgongspunt wêze, fynt er.
It perspektyf fan de regio sels moatte boppe-oan stean. "De Lelylijn kan helpen, maar belangrijker is dat het Noorden aantrekkelijk is om in te leven, niet alleen om naartoe te reizen."

Druk op 'e romte

Heechlearaar Theo Spek, lânskipshistoarikus oan 'e Ryksuniversiteit Grins, sjocht benammen mei noed nei de oprinnende druk op 'e romte. "Het landschap van Noord-Nederland is van ongelofelijk belang voor mensen, natuur, landbouw en economie. Ontwikkelingen moeten we zorgvuldig inpassen."
Heechlearaar Theo Spek yn de Stand van Noord-Nederland
© Omrop Fryslân
Neffens Spek mei it Noarden net samar folboud wurde. "Denk gebiedsgericht. Niet alles kan overal. We hebben plekken waar grootschaligere woningbouw goed kan, zoals rond Assen, Hoogeveen of Emmen, maar er zijn ook gebieden die je gewoon moet ontzien."
"Het moet in balans, anders verliezen we wat het Noorden zo waardevol maakt: rust, ruimte en kwaliteit."

Greiden opofferje sil moatte

Mar foar bestjoerder Elze Klinkhammer fan wenningkorporaasje Accolade is de need heech: "Lokaasjes, lokaasjes, lokaasjes dêr sykje wy wanhopich nei. De wenkrisis is enoarm. Binnen de stêden kin noch in soad, mar úteinlik silst ek bûten de stêden bouwe moatte. En ja, dat betsjut somtiden datst greiden opofferje moatst."
Elze Klinkhammer yn de Stand van Noord-Nederland
© Omrop Fryslân
Mar, seit se mei klam: tink dat wol goed troch. "Minsken wolle yn Fryslân gjin apparteminten, mar huzen mei in tún. Tagelyk moatte we soargje dat foarsjenningen, soarch en iepenbier ferfier op peil bliuwe. Wy bouwe net allinnich stiennen, wy bouwe leefmienskippen."
Hja sjocht dêrby ek kânsen binnen de besteande wenningfoarried. Want yn acht fan 'e tsien sosjale hierwenten wennet mar ien persoan. "Wy eksperimintearje mei it dielen fan wenningen en it splitsen fan huzen. Sa hoechst gjin greiden fol te bouwen."
Yn it Noarden wenje folle minder minsken de kante kilometer as yn 'e Rânestêd
© Shutterstock.com (Pedal to the Stock)
Neffens Jouke van Dijk, foarsitter fan de SER Noord-Nederland en heechlearaar regionale ekonomy, is de sprieding ekonomysk sjoen ferstannich. De oanlis fan de Lelyline en ek de Nedersakseline stimulearret de befolkingssprieding en is dêrom neffens Van Dijk essinsjeel.
"De befolkingstichtheid yn 'e Rânestêd is mear as tûzen minsken de kante kilometer. Hjir yn it Noarden is dat twahûndert. Dat ferskil kinst bêst wat lytser meitsje. Dat is goed foar Nederlân as gehiel."
Heechlearaar en ekonoom Jouke van Dijk yn de Stand van Noord-Nederland
© Omrop Fryslân
Ein septimber kaam de Nota Ruimte fan it kabinet nei bûten ta. Van Dijk sjocht dy fyzje foar de ynrjochting fan Nederlân op 'e lange termyn as in kearpunt.
"Einlings seit it Ryk wer: elke regio telt. Net allinnich ynvestearje yn 'e Rânestêd, mar ek yn gebieten dêrbûten. Dat is winst foar it hiele lân."

Gjin nije stêden bouwe

Veenstra warskôget foar it idee dat yn it Noarden 'mear as genôch romte' is. "Alle ruimte in Nederland is bestemd. We moeten het doen met de ruimte die we hebben en daar slimmer mee omgaan, we gaan geen nieuwe steden in het water bouwen."
Binnen de stêden leit neffens Veenstra folop romte dy't ek brûkt wurde kin foar wenjen.

Stand van Noord-Nederland

Stand van Noord-Nederland is in searje programma's oer de noardlike ekonomy, makke troch RTV Noord, RTV Drenthe en Omrop Fryslân yn gearwurking mei de SER Noord-Nederland.
Online is de útstjoering no al te sjen, op telefyzje is Stand van Noord-Nederland by Omrop Fryslân te besjen op tiisdei om 17.30 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.
Wy sille ek oars tinken moatte oer wenjen, mient er: "Het aantal mensen per huishouden daalt enorm. Daardoor stijgt de vraag naar woningen, terwijl er in veel huizen ruimte onbenut blijft."
Dêr leit neffens him in wichtige oplossing: "Niet altijd meer nieuwbouw, maar beter gebruik van wat er is. Vaker kiezen voor woningen splitsen of delen in plaats van grootschalige uitbreidingen."

Ferromming

Veenstra sjocht yn de nije Nota Ruimte ek in kâns: "We hebben 40 jaar gedacht dat de markt het wel oplost. Gelukkig pakt de overheid de regie weer. We moeten niet alleen bouwen voor vandaag, maar nadenken over hoe we in 2050 willen leven."
Sjoch hjir nei de folsleine ôflevering fan Stand van Noord-Nederland:
Theo Spek fynt it in ferromming: "We hebben te lang zonder plan gewerkt. De overheid die weer sturing neemt, dat is goed nieuws. Maar laten we dan ook het regionale erfgoed en de natuur serieus nemen."
"Mensen wonen hier niet alleen vanwege werk, maar omdat ze zich thuis voelen in het landschap. Dat moeten we koesteren."

Gjin twadde Rânestêd

Spek warskôget foar it trochsjitten yn groei: "Als we er hier 300.000 mensen bij krijgen en de ruimte volbouwen, verdwijnt precies wat Noord-Nederland uniek maakt. We moeten voorkomen dat dit een tweede Randstad wordt."
It hoecht gjin Rânestêd te wurden, mar it mei wol wat tichter.
ekonoom Jouke van Dijk
Van Dijk begrypt dy soarch, mar sjocht it posityf: "Hjir wenje no 1,7 miljoen minsken, dy 300.000 kinne dêr bêst by. In bytsje groei yn it Noarden is just goed."
"It makket de ekonomyske struktuer sterker en soarget dat foarsjenningen bliuwe kinne. It hoecht gjin Rânestêd te wurden, mar it mei wol wat tichter."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.