Omrop Fryslân

De lêste wedstriid fan trainer Henk de Jong: "Ik kom net werom, it is goed sa"

Henk de Jong
© Omrop Fryslân
Cambuurtrainer Henk de Jong stiet freed tsjin Vitesse foar it lêst as haadtrainer oan de sydline. De 61-jierrige Drachtster promovearre trije kear mei Cambuur.
Tiid om werom te sjen, mei de wichtichste fragminten út syn libben as haadtrainer.
"It fielt no wol echt as in ôfskiedstoernee", seit de trainer oer syn lêste dagen as Cambuurtrainer.
Wy treffe him op it fjild fan it Kooi Stadion foar in ôfskiedsinterview. "It begjint no wol echt te libjen."
De sinne stiet heech yn de loft op de maitiidsdei yn april. Henk poetst de bril wylst de doar efter him iepenslacht. In meiwurker rint mei twa stuollen rjochting it fjild en set dy del foar de trainer.

"Lit mar komme"

De Jong nimt plak, sjocht om him hinne en freget wat de bedoeling krekt is.
As wy útlizze dat we de argiven yndûkt binne om âlde fragminten te finen, reagearret hy entûsjast.
"Man, ik haw dy bylden net folle mear sjoen, geweldich. Lit mar komme, want ik tink dat ik alles noch wit."
It begjint by Drachtster Boys
1994-1997: it trainerslibben begjint by Drachtster Boys
Yn it earste fragmint gean we werom nei it begjin fan syn karriêre.
Yn 1994 stiet De Jong foar it earst op eigen fuotten foar in fuotbalploech. Dat docht hy by 'syn' Drachtster Boys.
"Dêr wienen jonkjes by dy't âlder as my wiene", laket De Jong, wylst hy sjocht hoe't syn team fan de Ljouwerter ploech Blauw-Wit wint. Neffens de trainer is dêr in part fan de basis fan syn sukses lein.
"Dêr learden sy my om gear te wurkjen en hoe't je mei de jonges omgean moatte. Dat ha ik altyd meinaam."
By Snits wurdt hy lanlik kampioen
2002: it earste sukses mei VV Snits
De earste grutte suksessen folgje by VV Snits. Hy coacht de klup twa kear. De earste kear is fuortendaliks nei syn perioade by Drachtster Boys yn 1997. Twa jier letter hâldt er op.
As assistint fan Fritz Korbach komt hy by Heracles Almelo terjochte. In jier letter wurdt De Jong de twadde man by de beloften fan sc Hearrenfean. Dat docht hy twa jier en komt dêrnei werom by Snits.
De Jong coacht yn de lanlike bekerfinale en leart hoe't it is om yn it middelpunt fan de belangstelling te stean.
"Dat hat my gelokkich net feroare. Alle dagen as ik de doar útstap, betink ik wat foar minske ik dy dei wêze wol. Dy lessen haw ik doe leard en ha ik altyd meinaam."
Kampioen mei Harkemase Boys en bêste amateurtrainer
2007-2010: Regionale trochbraak by Harkemase Boys
De Jong wurdt by it Fryske publyk echt bekend as hy de trainer fan Harkemase Boys wurdt.
Dat docht hy mei sukses, want ek hjir folgje prizen.
Sa wurdt hy kampioen fan de earste- én de haadklasse. Mei nammen as Martijn Barto en Oebele Schokker wurdt it fûnemint lein foar de gong nei Cambuur.
"Dizze klup is hiel wichtich foar myn famylje", seit De Jong. "Dêr learde ik hoe't je mei publyk omgean moatte. Harkema is in aparte klup mei eigenwize minsken en dat hat my wol holpen."
Kampioen mei Cambuur yn 2013
2010-2016: Nei memorabele promoasje feroaret it libben
"Ja dizze kin ik wol dreame", laket De Jong. Hy sjocht hoe't Cambuurspiler Adnane Tighadouini yn 2013 rjochting de goal fan Excelsior draaft. "Ik tink dat dy deryn giet."
Op 3 maaie 2013 belibbet Cambuur in histoaryske dei. De klup wurdt yn de lêste minuten fan de kompetysje kampioen. It wint sels fan Excelsior en konkurrint Volendam lit punten lizze.
"Doe feroare myn hiele libben", seit De Jong.
"Je binnen ynienen in bekende Nederlanner en in hiel soad minsken wolle wat fan je. Op lanlike tv prate sy dan oer dy."
Trije jier lang stiet de trainer oan it roer yn de earedivyzje, wêrnei't hy yn 2016 ophâldt. Cambuur stiet dat jier ûnderoan en De Jong hopet dat syn fuortgean de klup noch rêde kin. Fergeze hoop, want Cambuur degradearret nei it twadde nivo.
Promoasje mei De Graafschap
2017-2019: De Jong kin it ek bûten Fryslân
Nei it fuortgean by Cambuur komt De Jong by De Graafschap terjochte. Syn earste stap as haadtrainer bûten de Fryske provinsjegrinzen.
"Dat wie wol efkes wennen, mar eins ek wer net. De Achterhoek is in moaie wrâld om te wêzen."
De Graafschap is op dat stuit degradearre nei it twadde nivo en moat hielendal opboud wurde. Coach Jan Vreman krijt dien en syn opfolger út Drachten moat it oplosse.
Dat slagget, want yn 2018 spilet De Graafschap play-offs en wint it fan Almere. De klup promovearret wer nei de earedivyzje.
"As je by De Graafschap trainer west ha, meie je grutsk wêze. Dat is hiel spesjaal."
In stil kampioenskip yn 2021
2019-2022: Cambuur twa kear kampioen troch corona
Dochs lokket Fryslân altyd en yn 2019 komt De Jong werom by Cambuur. Oan it begjin fan 2020 brekt de nuverste perioade út syn fuotbalbestean oan.
Cambuur leit op koers foar promoasje mar troch it coronavirus wurdt de kompetysje skrast. Cambuur bliuwt op it twadde nivo en moat in jier letter op 'e nij besykje om promoasje ôf te twingen.
Opmerklik genôch bart dat. Op besite by Jong AZ op 23 april 2022 pakt Cambuur de titel en is it werom yn de earedivyzje.
"Efterôf wie it sels moai dat wy net promovearren, want it wie gewoan corona dus dan hiene we earedivyzje spile yn in leech stadion. Dit wie folle moaier."
Dochs is der ek min nijs. De Jong krijt sûnensklachten en moat fuortendaliks ophâlde as trainer. Sjors Ultee nimt it oer en yn 2023 degradearret de klup wer.
The Last Dance fan De Jong: promovearje mei Cambuur yn 2026
2023-2026: Ophâlde op je hichtepunt
Dêrnei knapt De Jong wer op en nimt hy it oer as Ultee dien krijt nei in min begjin fan de kompetysje. Cambuur stiet op dat stuit ûnderoan yn de earste divyzje.
De Ljouwerters moatte wer opbouwe en dat wurdt úteinlik it lêste keunstke fan De Jong.
Ein maart fan dit jier op besite by Emmen slagget it foar de tredde kear as trainer fan Cambuur: promoasje nei de earedivyzje.
"Alles wat ik meimakke haw, is moai, mar ik tink dat dit wol de moaiste wie. Dat wy sa alles wer opbouwe moasten en dat it dan slagget, is dat fansels echt in hichtepunt."
It is foar De Jong de reden om dermei op te hâlden. In dei nei de promoasje jout hy oan net langer trainer wêze te wollen. Sadwaande komt der in ein oan desennialange karriêre yn it fuotbal.
"Je moatte ophâlde op je hichtepunt. Ik haw der hiel goed oer neitocht en ik kom net werom. It is goed sa."
Henk de Jong sjocht hoe't syn libben feroare, mar hysels net

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.