Henk de Jong hâldt nei dit seizoen op as haadtrainer SC Cambuur: "Ik fiel dat dit it momint is"
Henk de Jong hâldt nei dit seizoen op as haadtrainer fan SC Cambuur. De 61-jierrige Drachtster bliuwt noch wol aktyf by de Ljouwerter klup, mar docht in stap werom.
Dat makket De Jong bekend yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. Hy hie noch in kontrakt foar ien jier as trainer, mar dat wurdt omset yn in fjouwerjierrige ferbining as assistint-trainer.
"Ik fiel oan alles dat dit it momint is", seit De Jong oer syn kar om op te hâlden.
"Ik moat gewoan wat faker thús wêze." Oan de iene kant om't syn frou Diana yn in behanneltrajekt sit foar kanker. Mar ek om ris wat faker op de bernsbern passe te kinnen.
"Dat lytse famke moat elke kear wer oan my wenne. Lêst ha ik foar it earst in kear oppast. Yn al dy jierren dat ik trainer west ha, ha ik ien kear mei myn hiele húshâlding op fakânsje west."
Dêrnjonken fernimt de 61-jierrige De Jong dat hy âlder wurdt. "Ik ha as haadtrainer elkenien op myn nekke sitten. Ik bin sa gek op dy klup en ik tink dat dat derôf moat."
Ik belibje it fuotbal no al sa bot, sân dagen yn de wike. Dat wurdt yn de earedivyzje allinnich mar mear. Ik tink dat it net goed foar my is.
De lange dagen yn de fuotbalwrâld slokke De Jong op. As der net traind hoecht te wurden, is der altyd wol wat oars.
Fan in petear mei in beëage nije spiler yn it stadion oant ferskine by in jûn foar sponsoaren. Neffens him wurdt it yn de earedivyzje noch drokker.
"Ik belibje it fuotbal no al sa bot, sân dagen yn de wike. Dat wurdt yn de earedivyzje allinnich mar mear. Ik tink dat it net goed foar my is."
De Jong komt troch syn útspraken gauris yn it nijs. Sa hie hy ôfrûne wykein noch flinke krityk op skiedsrjochter Wouter Wiersma nei syn optreden yn de wedstriid Cambuur-Jong AZ. Hy is dêrnei mei berjochten oerspield.
"Ik sis saken altyd earlik hoe't it is. Yn de earedivyzje giet dat de hiele wike troch. Ik krij dan hûnderten berjochten eltse kear wer."
Petear mei syn soan
Hy rint al in tiidsje om mei de twivels oer syn takomst. Fjouwer wiken lyn hakke hy de knoop troch nei in petear mei syn soan Ruben, dy't haadscout is by Cambuur.
"Ik siet mei Ruben yn de auto en dy sei dat dit it momint wie om op te hâlden. Ruben hat wat petearen hân mei de direksje oer myn twivels en dêrnei kaam alles op gong."
It nijs folget op de resinte promoasje nei de earedivyzje fan SC Cambuur. Tiisdei promovearre de klup nei in oerwinning op FC Emmen. De Jong sil dy stap omheech dit kear dus net as haadtrainer meimeitsje.
It is syn tredde perioade (2014-2016, 2019-2022 en 2023-no) as haadtrainer fan SC Cambuur. Hy begûn yn 2010 by de Ljouwerters as assistint.
De Drachtster is mei de resinte promoasje de iennige trainer dy't trije kear promovearre mei ien klup.
De Jong hat in rike skiednis yn it Fryske betelle fuotbal. Foar't er by Cambuur kaam, wurke er by Sportklup Hearrenfean en wie er yn it amateurfuotbal aktyf by Drachtster Boys, Harkemase Boys en VV Snits.
Opfolger
Wa't syn opfolger as trainer by Cambuur wurdt, is noch net bekend. Wis is dat dy nije haadtrainer De Jong dus as assistint krije sil.
Sportcast harkje of sjen
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Willem Vermeltfoort prate dy alle moandeis ûnder lieding fan presintator Arjen de Boer by oer it fuotbalnijs yn de Sportcast. Faak mei in nijsgjirrige gast.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.