Cambuur promovearret nei trije jier wer nei de earedivyzje
Cambuur spilet takom seizoen wer yn de earedivyzje. Nei de 2-4 winst op FC Emmen is promoasje in feit. Nei trije jier is Cambuur dêrom werom yn de heechste kompetysje fan Nederlân.
Dat Cambuur de wedstriid yn Emmen winne soe, wie net bepaald wis. Henk de Jong moast it dwaan sûnder seis fan syn fêste basisspilers en boppedat wie De Oude Meerdijk foar Cambuur in dreech plak om te winnen.
De lêste kear wie yntusken tsien jier lyn.
Dreamstart
Cambuur skeat yn Emmen út de startblokken. Al nei 6 minuten stie de ploech op foarsprong troch in goal fan Ichem Ferrah. Hy helle hurd út nei in knappe aksje yn it strafskopgebiet fan Emmen.
De thúsploech hie net in soad yn te bringen tsjin Cambuur, waard al gau dúdlik.
Cambuur fuotballe maklik troch de Drintse definsje hinne en dat soarge yn de 22e minút foar de 0-2: basisdebutant Fabian Kvam kopte de foarset fan Tomas Galvez binnen.
Noch gjin minút letter makke Kvam syn twadde. Fan de linkerkant ôf rûn hy mei de bal it strafskopgebiet yn en skeat de bal efter keeper Unbehaun.
Dochs noch spanning?
Dêrmei like de wedstriid spile. Emmen spile min en Cambuur kaam net yn de problemen.
Dochs feroare dat krekt foar it skoft. Romano Postema makke de 1-3 nei't ferdigener Toni Jonker net koart genôch stie.
De spanning wie der betiid yn de twadde helte út troch wer in goal fan Ichem Ferrah.
De Frânske spiler makke syn twadde fan de jûn mei in moai skot fan bûten de sechstjin meter en sette Cambuur dêrmei op 1-4.
Freddy Quispel die noch wat werom foar Emmen, hy sette de einstân op 2-4.
Fiifde promoasje foar Cambuur
Dêrmei is Cambuur foar de fiifde kear promovearre nei it heechtste nivo yn Nederlân.
Earder barde dat yn 1992, 1998, 2013 én 2021. De lêste twa kear stie De Jong ek foar de groep.
Cambuur spilet noch fiif wedstriden yn de Keuken Kampioen Divisie en kin him dan klearmeitsje foar de earedivyzje.
Folgje alles oer de wedstriid en it feest yn ús livebloch: