Omrop Fryslân

Fan de rûtinier oant de debutant by Cambuur: "Dit is een jongensdroom die uitkomt"

Feest by de spilers fan Cambuur
© Dijks Media
SC Cambuur stelde tiisdeitejûn op bysûndere wize promoasje feilich nei de earedivyzje. Foar rûtinier Mark Diemers is de sirkel nei promoasje mei 'syn' Cambuur rûn, wylst de 20-jierrige Fabian Kvam as debutant twa goals makke.
Yn alle gefallen gie foar ferskate minsken in dream yn ferfolling. Nei de rappe 0-1 fan Ichem Ferrah makket Fabian Kvam binnen in pear minuten twa goals.
Hy foel in pear wike lyn alris yn, mar mear dan tsien minuten hie er noch net spile yn it earste fan Cambuur.
Wat de jonge Noar yn Emmen oerkaam, koe hy sels ek noch net hielendal befetsje.
Fabian Kvam wist net wat him oerkaam yn Emmen
"Ik wit it net", wienen syn earste wurden. "It is geweldich om hjirby te wêzen, om by dit team te hearren en nei de earedivyzje te gean. Ik haw der gjin wurden foar."
Mei syn twa goals lei Kvam in moaie basis foar de winst. "En dat wylst ik noch nea mei de holle in goal makke hie", sei er oer syn earste kopgoal, dy't er út in foarset fan Tomas Galvez makke.

Geduld

Kvam kaam dizze winter nei Ljouwert as mooglike ferfanger fan Oscar Sjöstrand. Der waard rekken mei holden dat hy in transfer meitsje soe. It is ûnderwilens wis dat Sjöstrand net werom komt by Cambuur, hy giet nei Malmö FF.
Kvam moast rêstich ôfwachtsje oant hy in kâns krije soe. "Doe't ik hjir healweis it seizoen kaam, wie it wol dreech. Ik haw de tiid nommen en Henk sei altyd dat ik wol in kâns krije soe."
"Dat dit myn kâns wie, kin ik hast net leauwe."
Mark Diemers makke syn dream wier mei promoasje
Mark Diemers makke dy promoasjeduels al in pear kear mei, mar kaam twa jier lyn werom nei Ljouwert om it keunstje nochris te werheljen mei Cambuur.
"Het lijkt wel alsof het in de sterren geschreven staat", sei Diemers. "Dat het zo uitpakt met dit team, maar ook voor mij persoonlijk. Dat is heel mooi."
Dochs wie it ek foar Diemers noch spannend. Cambuur spile tiisdei mei in soad oare spilers yn 'e basis. "Je moet even afwachten hoe zoiets uitpakt, maar het kon niet mooier dan dat we na 25 minuten met 0-3 voor stonden."
"Hoe we het afgemaakt hebben, kon niet mooier. We hebben goed gevoetbald, maar ook sterk met elkaar verdedigd."

Bitterswiet momint foar Kian Visser

Kian Visser makke as jonge fan de stêd dit seizoen syn debút as proffuotballer by Cambuur, mar in soad minuten makke hy net.
Tsjin FC Emmen kaam hy der yn it lêste kertier noch efkes yn. "Promoveren met Cambuur, er zijn niet veel Leeuwarders die dat meemaken", sei Visser.
"Ik heb het vandaag meegemaakt, dit is een jongensdroom die uitkomt."
Kian Visser promovearret yn syn iennige jier as proffuotballer
Oan de oare kant wit Visser sûnt koart ek dat hy dwaande is mei syn lêste wiken by Cambuur.
De klup hat besletten it ôfrinnende kontrakt net te ferlingen. "Dat doet zeer, ik ben altijd supporter geweest van Cambuur."
"Ik zag het misschien wel een beetje aankomen, maakte natuurlijk heel weinig minuten. Het is mooi om het zo af te sluiten, maar ook jammer."
Henk de Jong reagearret noch in kear
Cambuurtrainer Henk de Jong hat Frans Körver (seis kear) en Fritz Korbach (fiif kear) wat it tal promoasjes oanbelanget noch boppe him, mar de Drachtster is wol de earste dy't it op trije ferskillende mominten foar inoar krige om te promovearjen mei Cambuur.
"Dit is hiel spesjaal", sei De Jong. "It is sa leuk dit te dwaan mei dizze unike klup. Ast sjochst hoe't de minsken it hjir dogge, ik mei der in bytsje lieding oan jaan."
"Fansels doch ik dat mei oare minsken, mar ik bin hiel grutsk dat it slagge is."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.