Omrop Fryslân

Oscar Sjöstrand hat syn lêste wedstriid foar Cambuur al spile

Oscar Sjöstrand
© Dijks Media
Oscar Sjöstrand hat syn lêste wedstriid foar SC Cambuur spile. De klup is sa goed as rûn mei Malmö FF oer in oerstap fan de linksbûten nei syn heitelân.
Dat befêstiget Lars Lambooij, technysk manager fan de Ljouwerters.
De transfermerk yn Sweden is noch iepen oant en mei woansdei en de transfer sil op de slotdei ôfmakke wurde.
Cambuur fertsjinnet goed oan Sjöstrand. De klup fangt in bedrach fan sa'n twa miljoen euro foar de Sweed.
Hy waard ôfrûne simmer noch foar in pear ton kocht.
Sjöstrand die tiisdei net mei oan de promoasjewedstriid fan Cambuur tsjin FC Emmen. Hy waard ferline wike foar it earst oproppen foar it Sweedske alvetal ûnder-21.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.