Fan Kooi Stadion nei wrâldtop: Cambuurspilers brekke troch
De prestaasjes fan SC Cambuur falle ek bûten de lânsgrinzen op. Oscar Sjöstrand mei him melde by Sweden ûnder de 21 jier en Ismaël Baouf is oproppen foar de haadmacht fan Marokko.
Der klinkt in hurd geraas en applaus tongersdeitemiddei yn de katakomben fan it Kooi Stadion.
Efkes dêrfoar hat Baouf troch krigen dat er him takom wike melde mei by it Marokkaanse nasjonale alvetal.
Dat kinne je bêst bysûnder neame. Want Marokko is de nûmer acht fan de wrâldranglist fan fuotbalbûn FIFA.
Dat sa'n grut fuotballân útkomt by in ferdigener fan earstedivyzjonist Cambuur, makket trainer Henk de Jong sa grutsk as in pau.
Henk de Jong is grutsk
"Dit is net normaal foar Cambuur, dat je oan sa'n grut fuotballân in A-ynternasjonal ôfleverje. Poeh, dêr binne we wol grutsk op", seit De Jong.
Neist Baouf en Sjöstrand sille ek Tomas Galvez (Finlân ûnder 21 jier) en Jort van der Sande (Bonêre) har melde by de nasjonale teams. In blik op de fjouwer ynternasjonals fan Cambuur.
Ismaël Baouf
Ein ferline jier waard Baouf wrâldkampioen mei Marokko ûnder de 20 jier.
De bûnscoach fan dat team is no de bûnscoach fan it 'grutte' Marokko. En hy nimt Baouf mei foar twa oefenwedstriden tsjin Ekwador en Paraguay.
Ismaël Baouf is oproppen foar Marokko
Fia de parsekonferinsje fan bûnscoach Mohamed Ouahbi fernaam Baouf dat er oproppen is.
"Ik bin hiel bliid en grutsk", seit de 19-jierrige Baouf.
Yn stee fan mei Kian Visser, Tony Rölke en Diyae Jermoumi dielt er ynkoarten de klaaikeamer mei Achraf Hakimi fan Paris Saint-Germain en Brahim Diaz fan Real Madrid.
"It is in eare foar my en in moaie training om mei harren te spyljen", fertelt Baouf.
"Om yn it nasjonale team te sitten, is in dream foar elts lyts jonkje. It jout in hiel goed gefoel dat ik der no by sit."
Dreame fan WK
Dat Baouf no oproppen wurdt, betsjut dat bûnscoach Ouahbi him ek as in opsje sjocht foar de seleksje fan Marokko foar it wrâldkampioenskip fuotbal. Dat is al oer trije moannen.
Sa fier doart de sintrumferdigener noch net te dreamen. Earst de kommende wike mar.
"Gewoanwei gean ik snein fuort, want ik moat my moandei melde. Wy traine yn Marokko en fleane dan nei Madrid foar de earste oefenwedstriid", leit er út.
It betsjut dat er in eventuele promoasjewedstriid tsjin FC Emmen tiisdei, mocht it sa fier komme, misse moat.
Oscar Sjöstrand
Datselde jildt foar Sjöstrand, dy't him moandei yn syn heitelân melde moat. It is ek syn earste oprop, mar dan foar Sweden ûnder de 21 jier.
"It is myn earste kear, dus ik wol der fan it begjin ôf by wêze", leit Sjöstrand út.
"Dus ik moat Emmen misse, mar der sil in feest wêze nei de lêste kompetysjewedstriid. Dus ik hoech neat te missen."
Ek foar Oscar Sjöstrand komt in dream út
It wurdt in hiele toer foar Sjöstrand en Sweden ûnder de 21 jier om him noch te pleatsen foar it EK.
De efterstân op it twadde plak, no yn it besit fan Italië, is seis punten mei noch fjouwer wedstriden te gean.
It docht neat ôf oan de grutskens fan Sjöstrand. "It betsjut in hoop foar my. It is in dream dy't útkomt. We spylje earst tsjin Montenegro en dêrnei tsjin Italië", fertelt de linkeroanfaller.
Ynteresse fan Malmö FF
De prestaasjes fan Sjöstrand by Cambuur falle ek klups yn Sweden op. Topklup Malmö FF hat in bod op him dien.
Yn Sweden is de transferperioade noch iepen oant en mei woansdei, dus Sjöstrand soe Cambuur op koarte termyn ferlitte kinne.
Sels giet er dêr lykwols net fanút, al wol er de doar nei Malmö ek net hielendal ticht smite.
"Ik bin hjir noch net klear. Wy spylje tsjin Jong AZ, dan bin ik in wike fuort en kom ik werom. Mar kinst noait noait sizze. Witst noait wat der bart yn it fuotbal."
Neffens technysk manager Lars Lambooij wol Cambuur Sjöstrand net gean litte, útsein as der in bod komt dat net te wegerjen is foar de Ljouwerters.
Der is lykwols neat mear fernaam fan de Sweedske topklup, nei't se in earste bod útbrocht hawwe.
De haadpersoan sels is grutsk op de ynteresse fan ien fan de grutste klups út syn heitelân.
"It is in grut komplimint. Ast nei ien jier lyn sjochst (Sjöstrand spile doe op it twadde nivo yn Sweden, red.) en no seist dat Malmö ynteresse hat, is dat fassinearjend."
Live by Omrop Fryslân
Freed dogge Ismaël Baouf en Oscar Sjöstrand noch 'gewoan' mei, as SC Cambuur thús spilet tsjin Jong AZ. Dat duel is live te folgjen by Omrop Fryslân.
Op de webside en yn de app is der in livebloch, wêryn'tst neat hoechst te missen fan wat der yn it Kooi Stadion bart.
Op 'e radio is der in ekstra sportprogramma. Dat begjint om 19.45 oere. It kommentaar is fan sportferslachjouwer Andor Faber.
Dan binne der noch twa Cambuurspilers dy't ynterlâns spylje sille.
Jort van der Sande
De Cambuurspits sil woansdei, nei de wedstriid tsjin FC Emmen dus, ôfreizgje nei Bonêre.
Dêr komt er mei it nasjonale alvetal fan dat eilân yn aksje tsjin Saint Vincent en de Grenadines en Saint Martin.
Hoe't it kin dat Jort van der Sande ynternasjonal fan Bonêre is
It wurde syn tsiende en alfde ynterlân foar Bonêre. "Het zijn mooie tripjes", jout Van der Sande ta. Yn de lêste ynterlânperioade ferkeas er Cambuur boppe Bonêre.
No hoecht er net te kiezen.
"De vorige keer speelden we tegen FC Eindhoven en hadden we een oefenwedstrijd met Bonaire. Dan verkies ik op dat moment de wedstrijd van Cambuur. Nu kan ik na de wedstrijd vertrekken en mis ik geen wedstrijd. Dan is het wel weer een schitterend moment om die kant op te gaan."
Promoasjefeestje
Mochten de Ljouwerters snein net promovearje, soe it tiisdei tsjin FC Emmen dus gebeure kinne.
Mocht dat sa wêze, sil Van der Sande him net ynhâlde.
"Het is best een lange vlucht, dan hoop ik in het vliegtuig wat bij te kunnen slapen. Dan zal ik het feestje niet missen", laket de 30-jierrige spits.
Tomas Galvez
Linkerferdigener Tomas Galvez folget it foarbyld fan Van der Sande en giet pas nei de wedstriid tsjin FC Emmen fuort. Hy is oproppen foar Finlân ûnder de 21 jier. San Marino en Syprus binne de tsjinstanners.
Dat binne de nûmers ien-nei-lêst en lêst út de pûl. Galvez stiet mei Finlân twadde en makket in goeie kâns op kwalifikaasje foar it EK ûnder 21 jier.