Trije kear promovearje mei Cambuur: wat is it geheim fan Henk de Jong?
Henk de Jong kin foar de tredde kear yn syn trainerskarriêre mei SC Cambuur promovearje nei de earedivyzje. Wat is it geheim fan de 61-jierrige Drachtster? We lizze it foar oan de trije oanfierders, dy't mei him en Cambuur promovearren.
Yn maart 2013 nimt De Jong it stokje oer fan Alfons Arts, dy't dien krijt. Mei noch acht wedstriden te gean krijt De Jong, tegearre mei Jan Bruin, it foarinoar en promovearret er mei Cambuur nei de earedivyzje. Yuri Rose is dat jier de oanfierder.
"Dat kampioenschap vergeet ik nooit weer", seit Rose no. De 46-jierrige Purmerender kin de promoasje noch as de dei fan juster foar de geast helje.
Cambuur wûn by Excelsior mei 0-2 troch goals fan Erik Bakker en Adnane Tighadouini.
De terugreis van Rotterdam naar Leeuwarden was gewoon één groot feest.
Ekstra bysûnder is dat de Ljouwerters pas de lêste 45 minuten fan de kompetysje boppe-oan komme te stean.
Volendam lit yn de lêste wedstriid tsjin Go Ahead Eagles punten lizze en dus promovearret Cambuur nei de earedivyzje.
"De terugreis van Rotterdam naar Leeuwarden was gewoon één groot feest. Toen kwamen we daarna nog bij het stadion en was het gekkenhuis en dat was ongelooflijk. Gewoon een dag om nooit te vergeten."
De promoasje fan 2013 komt eins frij ûnferwacht
Op de fraach wat it geheim fan De Jong is, hoecht Rose net lang nei te tinken.
"Henk is een mensenmens die de juiste snaar weet te raken en iemand die spelers het juiste gevoel geeft. Hij stond niet boven de groep en wist daardoor ons voor zich te winnen."
Lessen fan De Jong by Ajax útfiere
De kampioenswedstriid tsjin Excelsior is de lêste betelle fuotbalwedstriid fan Rose. Hy stapt it trainersfak yn en is op it stuit aktyf yn de technyske stêf fan Ajax ûnder de 19 jier. De lessen fan De Jong nimt hy noch altyd mei, seit er.
"Als je een team bouwt dat voor je door het vuur gaat, kun je als trainer héél veel bereiken."
Earder dit seizoen wie Rose noch assistint fan Jong Ajax. By de wedstriid tsjin Cambuur prate hy noch efkes mei De Jong.
"We hebben nog veel contact en we appen en bellen regelmatig. Daaraan zie je dat Henk ook na je carrière geïnteresseerd blijft en dat het geen spelletje is. Het is oprecht."
Promovearje yn coronatiid
As De Jong yn 2019 weromkeart as haadtrainer fan Cambuur, stelt er in sawat hielendal nije seleksje gear. Ien fan de nije spilers is Erik Schouten, dy't op proef komt yn de tarieding. De ferdigener krijt al fluch in kontrakt en wurdt beneamd ta oanfierder.
Promoasje liket in kwestje fan tiid yn dat earste seizoen, oant de coronapandemy de kompetysje ûnderbrekt. Cambuur stiet boppe-oan, mar fuotbalbûn KNVB beslút dat der gjin promoasje en degradaasje plakfynt. Ta lilkens fan elkenien yn Ljouwert.
In jier letter, noch altyd mei Schouten as oanfierder, dogge De Jong en syn ploech it keunstje oer. Se wurde kampioen en promovearje nei it heechste nivo.
Schouten tinkt noch faak werom oan dy perioade yn Ljouwert. "We hadden een goede mix qua jong en oud. Het ging snel draaien en we hadden snel het geloof dat het kon."
Yn 2021 promovearret Cambuur yn in leech stadion fanwege de coronapandemy
Ien fan de redenen dat de promoasje fan Cambuur ûnferjitlik is, is dat it yn 2021 noch altyd coronatiid is.
En dus sitte der op 16 april yn dat jier gjin fans yn it stadion, as Helmond Sport mei 4-1 ferslein wurdt en promoasje feilich steld wurdt. "Dat is wel een grote smet geweest", moat Schouten bekenne.
Henk haalt 15 tot 20 procent meer uit een groep door zijn positiviteit en hoe hij is als mens.
As de no 34-jierrige Schouten frege wurdt nei de rol fan De Jong yn de titel, begjint er te laitsjen. "Sinds de jaren dat we hebben samengewerkt, heb ik een zwak voor Henk. Toen wist ik het al, maar achteraf ben ik Henk nog meer gaan waarderen."
"Henk haalt 15 tot 20 procent meer uit een groep door zijn positiviteit en hoe hij is als mens. Daarmee kan hij spelers net een stapje harder laten doen."
"Voetbal uitgespeeld"
De fyzje fan De Jong, mei oanfallend fuotbal it publyk fermeitsje, soarge yn it seizoen 2020/2021 foar in rekôr. Nea earder helle Cambuur safolle punten en makke it safolle (109) doelpunten.
"Later hoor je van jongens waartegen je speelde: jullie hebben het voetbal uitgespeeld. Dat is ook een groot compliment naar Sandor (van der Heide, hy wie doe assistint-trainer, red.). Hij is tactisch en qua uitleg bizar goed. Het klopte gewoon."
Mei bewûndering sjocht Schouten, dy't no op it fjirde nivo yn Spanje by Terrassa FC spilet, nei wat syn âlde trainer no wer foarinoar krijt. "Dat is misschien wel knapper dan wat hij met ons presteerde. Nu doet hij het met een heel jonge groep met buitenlandse spelers en weinig ervaring."
As it oan Schouten leit, komt der in stânbyld fan de Cambuurtrainer by it Kooi Stadion te stean.
"Dat heb ik gezegd toen ik wegging en daar sta ik nog steeds achter. Dat standbeeld moet er komen, is het niet nu dan over een paar jaar. Dat past mooi bij het nieuwe stadion."
En dan de oansteande promoasje. Dy is net allinnich bysûnder foar De Jong, mar minstens sa foar oanfierder Mark Diemers. Hy is hikke en tein yn Ljouwert, spile yn de jeugdoplieding fan Cambuur en makke yn 2013 diel út fan it team dat doe promovearre.
No is er nei in lange karriêre werom yn Ljouwert en nimt er as rûtinier en oanfierder syn ploech by de hân.
Mear as in kwart fan de wedstriden dy't Diemers yn syn karriêre spile, wie ûnder De Jong. By Cambuur en by De Graafschap.
"Ik denk dat dit voor Henk wel een van zijn mooiste promoties ooit gaat zijn, met het hele verhaal erachter van de cyste in zijn hoofd", tinkt Diemers. "Hij vroeg zich af of hij ooit nog op de bank kon zitten. Het is super mooi in elkaar gevallen."
Yn 2022 wurdt der in kyste fûn yn de holle fan De Jong. It hâldt him ûngefear in jier oan 'e kant.
Hij kan ook wel met de botte bijl erin. En af en toe echt de Harekiet zijn. Dan wordt-ie fel.
Neffens Diemers hat it siikwêzen en syn ôfwêzigens de 61-jierrige Drachtster yn positive sin feroare. "Ik denk dat hij extra geniet van de mooie momenten en het beter kan relativeren als hij verliest. Vroeger kon hij wel in de stress raken na een verlies, maar nu is hij erg rustig en kijkt hij naar de volgende wedstrijd."
Dochs hat De Jong ek noch wol syn mominten dat er út 'e slof sjit, wit Diemers. "Hij kan ook wel met de botte bijl erin. En af en toe echt de Harekiet zijn. Dan wordt-ie fel."
As je it oer de kwaliteiten fan De Jong ha, komt it dochs wer hieltyd op itselde terjochte. In goeie fuotbalfyzje mei oanfallend fuotbal. En omtinken foar syn spilers op in positive wize.
Rose en Schouten seine it al en Diemers ûnderskriuwt dat. "Het is altijd leuk om naar de club te gaan en altijd leuk om in een bespreking te zitten, ook al is die wel eens zeer kritisch. Dan komt er aan het eind een leuke grap waardoor je kunt relativeren en weer lekker doorgaat."
Wannear is promoasje in feit?
It is hiel simpel: as Cambuur tiisdei wint by FC Emmen, is it wis fan promoasje nei de earedivyzje. By elts oar resultaat sille de Ljouwerters it feest noch efkes útstelle moatte.
De wedstriid tusken Cambuur en FC Emmen is tiisdei live te folgjen by Omrop Fryslân. Op de webside en yn de app is der in livebloch. Op de radio is der in ekstra sportprogramma, dat om kertier foar achten úteinset.
It kommentaar fanút Stadion De Oude Meerdijk komt fan sportferslachjouwers Andor Faber en Willem Vermeltfoort.
Ien ding stekt de Ljouwerter middenfjilder lykwols wol. En dat is dat De Jong syn taktyske kwaliteiten ûnderskat wurde, neffens Diemers. "Dat vind ik wel jammer. Het mag wel eens benadrukt worden dat hij in het voetbal van ons een heel belangrijke stem heeft."
Wis is dat ek yn de earedivyzje De Jong folhâlde sil oan syn fuotbalfzyje. It belooft, sa yn de lêste jierren fan syn lange trainerskarriêre, wer in moai nij haadstik te wurden foar De Jong.
Diemers: "Het is hem echt heel erg gegund."