Trainer Henk de Jong yntrodusearret opfolger Johan Plat by seleksje Cambuur
It seizoen fan Cambuur duorret noch trije wedstriden, mar eins is de blik al hielendal op folgjend seizoen rjochte.
De klup is promovearre en kin gjin kampioen mear wurde, de kommende wedstriden geane nearne mear oer.
Sadwaande kaam dizze wike it nijs nei bûten dat Johan Plat oar seizoen de nije trainer fan de klup wurdt. Hy folget sittend trainer Henk de Jong op.
Plat stiet pas yn de tarieding op it nije seizoen foar it earst foar de groep, dochs is hy no al te finen yn it Kooi Stadion. Henk de Jong nimt him mei om de klup kennen te learen.
"Ik ha ek tsjin him sein dat hy gewoan komme moat", seit De Jong. "Hy siet earst boppe op kantoar en doe haw ik him by de seleksje helle."
"Hy hat him foarsteld oan de jonges en kin dan prate mei de supporters en de stêf. Dat is wichtich en ik ha in noflik byld fan him."
Henk de Jong oer syn opfolger Johan Plat
De Jong tinkt dat de supporters takom jier oanfallend fuotbal te sjen krije. Der wie fuortendaliks in konneksje mei Plat.
"Hy hat assistint fan Schreuder west en at wy dêr mar in fleuchje fan bringe kinne, gean wy moaie tiden temjitte."
De Jong hâldt net hielendal op, mar bliuwt noch yn de stêf aktyf. Dêr hat hy ek mei Plat oer sprutsen. De Jong wol net te folle mear op de foargrûn.
"Hy wol my der graach by ha en frege ek of ik neist him sitte woe. Mar dêr betankje ik foar, want dan giet it wer om my."
"Ik gean wol in pear plakken fierder of boppe op de tribune sitten. Ik help wêr nedich en ik wol graach dat it goed giet mei de klup, mar sil net mear as earste foaroan stean."
De Jong stiet noch trije wedstriden foar de groep. De earste is freed tsjin FC Den Bosch út.
Ofwêzich is Rik Mulders, dy't in lytse blessuere hat. Foar de Brabanner ekstra skande, want hy spile syn libben lang by Den Bosch en stapte foar dit seizoen oer nei Cambuur.
Mear sportnijs fynst yn ús livebloch: