Fuotbal is bysaak op emoasjonele jûn foar Henk de Jong: "Ik bin hiel tankber"
Fuotbaljend wie it opnij net geweldich wat Cambuur freedtejûn sjen liet. Yn Doetinchem wie De Graafschap mei 3-1 te sterk. Nei ôfrin wienen de emoasjes rûnom dizze wedstriid it wichtichste ûnderwerp.
Earder dizze wike ferstoar Sjoukje de Jong hommels op 80-jierrige leeftiid. De mem fan Henk de Jong wie twa wike lyn noch by de thúswedstriid tsjin FC Dordrecht en folge har soan elke wedstriid, ek al koe se der sels net altyd by wêze.
It wersjen mei De Graafschap wie foar Henk de Jong, dy't syn lêste útwedstriid as haadcoach belibbe al bysûnder. De Drachtster wurke en promovearre yn it ferline mei de Superboeren.
Troch it barren fan dizze wike siet der noch mear emoasje op de wedstriid, seit Henk de Jong. "Je sitte yn in rollercoaster. Fan 'e moarn bin ik noch efkes by mem west en fertelde ik dat we hjir hinne moasten."
Fuotbal bysaak op emoasjonele jûn foar Henk de Jong
Yn de 28e minút gie it publyk yn De Vijverberg massaal stean en wie der in grut applaus jûn foar de famylje De Jong.
Dat docht de haadtrainer in soad, fertelt er. "Fantastysk. Myn eigen supporters fan de klup stienen ek de hiele wedstriid achter ús, de supporters fan De Graafschap komme dan ek noch mei in spandoek."
"Ik bin hiel tankber, ek moai dat de beide supporterskampen sa mei inoar om gienen. Dan sjogge je dochs dat sport foar feriening soarget."
It earbetoan fan de beide supportersgroepen liet De Jong net kâld. "It is unyk, it jout my krêft. It is net normaal wat der dan los komt, mar dêrnei helje ik der wol krêft út en dan giet de wedstriid troch."
Wylst de wedstriid oan de gong wie, lieten ek de Cambuurfans harren faak hearre foar harren trainer dy't nije wike syn lêste wedstriid coacht.
En ek al spilet Cambuur nearne mear foar, De Jong baalt wol dat syn ploech mei 3-1 ferlear.
"Yn it earste part fan de wedstriid hienen we it folslein ûnder kontrôle, it wie hartstikke goed", giet er fierder.
"Der binne in pear dy't net thús jouwe, en dan litte we it sels lizze. Dêr baal ik fan en dy mantsjes pak ik moandei by de earen, want dat wol ik net."
De Jong sprekt fan in terjochte oerwinning fan De Graafschap.
Neffens Jamal Amofa hat dat te krijen mei skerpte. "Wat normaal wel zit, zit nu niet. Wat we normaal tegenhouden, gaat er nu wel in."
"Dat geeft de tegenstander hoop en vandaag geven we ze te veel hoop. We staan goed, hebben dertig minuten de overhand en in tien minuten geven we het weg."
Jamal Amofa oer de wedstriid tsjin De Graafschap
Amofa hat der alle fertrouwen yn dat it nije wike oars wêze sil as Vitesse de tsjinstanner is yn it eigen Kooi Stadion, mar it barren fan dizze wike liet him ek net kâld.
Net allinnich de mem fan De Jong, mar ek in goeie kammeraat fan de Cambuurferdigener ferlear syn mem.
"Toen ik dat spandoek zag en het applaus voor Henk hoorde, moest ik echt wegkijken. Dat deed iets met me."
"Deze week is mijn beste vriend zijn moeder op 56-jarige leeftijd verloren, daar zit ik ook mee. De trainer sprak vorige week nog over zijn moeder en hoe trots ze op ons was."
Amofa besocht freedtejûn benammen te genietsjen fan de wedstriid. "Ik mag er nog staan, dan zoek je het in dat soort kleine dingen. Dan is het heel mooi dat ik deze sport beoefen."