Henk de Jong wer by Cambuur nei hommels ferstjerren mem: "In dikke klap"
Cambuurtrainer Henk de Jong belibbet in hektyske en emosjonele tiid. Begjin dizze wike ferstoar hommels syn mem. Sjoukje de Jong waard 80 jier.
"Dit is gewoan in dikke klap, want it bliuwt altyd je mem", seit de Drachtster trainer. "Mem sei ek noch 'leave' tsjin my en ik bin 61 jier. Dy bân bliuwt altyd."
De bân tusken Henk en syn mem wie hecht. De trainer gong alle dagen om kofje. Syn mem wie fit en dus kaam it ferstjerren ûnferwachts.
"Ik ha der yn de moarn noch west. Trije oeren letter hie ik gjin kontakt mear en bin ik nei har hûs gongen. Dêr fûn ik har en efkes letter is sy ferstoarn."
Henk de Jong oer it ferstjerren fan syn mem
De famylje De Jong belibbe dêrtroch in drokke wike mei in protte emoasjes. It wie de fraach oft De Jong op de training wêze koe. Al hie syn mem noch wol advys foar him.
"Sy hat oan de ein sels noch sein dat 'Henk wol fuotbalje moast'. Dus ik bin hjir ek foar har. Ik fyn it ek lekker om hjir te wêzen."
Sjoukje de Jong koe koartlyn noch foar it lêst by in wedstriid fan soan Henk wêze. Op Twadde Peaskedei spile Cambuur thús tsjin Dordrecht en wie frou De Jong derby.
Mem wie ynspirator
"Ik ha doe ek hieltyd nei har swaaid, dus dat wie wol hiel moai. Efterôf sjoen hat it noch mear betsjutting krigen. Us mem wie in ynspiraasje foar my."
Cambuur spilet freed noch út tsjin De Graafschap. In pear basisspilers ûntbrekke. Nicky Souren en Rik Mulders kinne der net by wêze.
Noch twa wedstriden en dan is de kompetysje klear. Cambuur is al promovearre en kin gjin kampioen mear wurde.