Omrop Fryslân

Mark Diemers achtet kâns lyts dat hy by Cambuur bliuwt: "Op dit moment 25 procent"

Mark Diemers siet moandei yn de Sportcast
© Omrop Fryslân
De kâns is lyts dat Mark Diemers takom seizoen ek spiler fan SC Cambuur is. Dy útspraak docht de 32-jierrige Ljouwerter yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Diemers is dizze wiken folop yn it nijs nei't hy te kennen joech dat kontraktûnderhannelingen mei de klup stroef rinne. Syn kontrakt rint yn de simmer ôf en Diemers wol graach foar meardere jierren ferlingje.
Technysk manager Lars Lambooij (dy't oer de transfers giet) wol in kontrakt foar ien jier oanbiede, mei in ferlege lean. De oanfierder fan Cambuur sjocht dat net sitten.

"Familie gaat voor"

"Ik heb een gezin met twee jonge kinderen, een vriendin die in Drachten werkt en ik wil vastigheid. Als ik nu voor een jaar teken, zit ik volgend jaar weer in China en kan ik weer mijn familie meeslepen. Dat wil ik niet, mijn familie gaat voor."
Diemers wie dit seizoen mei acht goals en tsien assists wichtich yn de promoasje fan Cambuur nei de earedivyzje. Hy seit wurdearring fan it bestjoer fan de klup te missen.
"Als je zegt dat je met iemand de toekomst in wilt en je biedt diegene een contract voor een jaar aan, dan rijmt dat niet echt bij mij."
Fraach is dus oft Diemers dizze simmer transferfrij de doar útrint by Cambuur, of dat hy noch in jier bytekenet. Hy sjocht noch wol potinsje om in hantekening te setten en hopet tichter by de klup te kommen.
Het is een feit dat ik en Lars niet de allerbeste vrienden zijn, maar dan moet je daar gewoon professioneel mee om kunnen gaan.
Mark Diemers
Al sil der wol in soad barre moatte, want op de fraach hoe grut oft de kâns is dat hy oar jier wer foar de Ljouwerters spilet, is Diemers net hiel posityf.
"Op dit moment denk ik dan aan 25 procent."

Reaksje Lars Lambooij

Technysk manager Lars Lambooij wol net op de situaasje fan Mark Diemers yngean, sa lit er witte oan Omrop Fryslân.
"We gaan zoiets niet via de media spelen", seit Lambooij op de fraach oft it kloppet dat de klup Diemers in jierkontrakt mei in ferlege lean oanbean hat.
"We reageren sowieso niet op berichtgeving terwijl de onderhandelingen nog lopen."
It is yntusken bekend dat Diemers en Lambooij net de bêste wurkrelaasje ha. Dochs sjocht de middenfjilder dat net as ien fan de redenen om mooglik by Cambuur fuort te gean.
"Het is een feit dat ik en Lars niet de allerbeste vrienden zijn, maar dan moet je daar gewoon professioneel mee om kunnen gaan."
Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân giet it fansels ek oer sc Hearrenfean en de striid om Europeesk fuotbal. Komt de klup de tebeksetter tsjin AZ Alkmaar (3-0) te boppen?

Sportcast harkje of sjen

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Willem Vermeltfoort prate dy alle moandeis ûnder lieding fan presintator Arjen de Boer by oer it fuotbalnijs yn de Sportcast. Faak mei in nijsgjirrige gast.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.