Bernt Klaverboer wol seizoen fan trochbraak beleanje mei Europeesk fuotbal: "Ha de kwaliteiten"
Bernt Klaverboer wol it seizoen fan syn trochbraak by sc Hearrenfean beleanje mei it heljen fan Europeesk fuotbal. Dat seit de keeper yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
De Feansters steane nei de moaie 4-1 winst op Heracles Almelo op it sânde plak yn de earedivyzje. Dêrmei steane Klaverboer en syn ploechgenoaten der goed foar, mei it each op it heljen fan de play-offs om Europeesk fuotbal.
Europeesk fuotbal
Sterker noch: streekrjocht Europeesk fuotbal helje soe ek noch kinne, as Hearrenfean fiifde wurdt. Op dit stuit is de efterstân op Ajax, dat plak fiif beset, fjouwer punten. En beide ploegen komme inoar tsjin yn de lêste wedstriid fan it seizoen.
"We binne ambysjes, mar ek realistysk. We ha de kwaliteiten om Europeesk fuotbal te heljen", fynt Klaverboer. Hy kent in goeie perioade en waard talint fan de moanne maart.
Snein makke er wol in flater yn it duel mei Heracles, mar dat brocht de winst fan Hearrenfean net yn gefaar. Der waard ienfâldich wûn tsjin de hikkesluter, yn tjinstelling ta de ôfrûne seizoenen. Doe hie Hearrenfean noch wolris muoite mei de leechfleaners.
Ik koesterje enoarm wat ik hjir ha.
Mei syn takomst is de 20-jierrige Ketliker noch net sa dwaande. Kollega-doelman Andries Noppert tinkt dat Klaverboer al klear is foar in stap hegerop, Klaverboer is mear weromhâldend.
"Ik koesterje enoarm wat ik hjir ha. It is in geweldich nivo en in poadium dêr't ik noch in hiel soad stappen meitsje kin. As der wat op my ôf komt, sjoch ik dat dan wol."
En boppedat: takom seizoen kin er de Fryske derby spylje. En dus Europeesk fuotbal, want as er de fraach krijt oft Hearrenfean Europa yn giet seit Klaverboer: "Ja!"
Plat nei Cambuur
Dizze wike sil Cambuur bekend meitsje dat Johan Plat de nije haadtrainer wurdt en foar twa jier tekenje sil, wit sportferslachjouwer Andor Faber. "En hy sit moandei al op 'e tribune by de wedstriid tsjin FC Dordrecht."