Cambuurmanager Lars Lambooij wol neat sizze oer situaasje-Mark Diemers
Technysk-manager fan Cambuur Lars Lambooij wol net ynhâldlik reagearje op de situaasje fan oanfierder Mark Diemers.
"We gaan zoiets niet via de media spelen", seit Lambooij op de fraach oft it kloppet dat de klup Diemers in jierkontrakt mei in ferlege salaris oanbean hat.
"We reageren sowieso niet op berichtgeving terwijl de onderhandelingen nog lopen."
De manager lit dêrmei wol witte dat Cambuur de yntinsje hat om te ferlingjen mei Diemers, mar oft dat noch slagget, is de fraach.
"Ik heb geen idee of we er nog uitkomen", seit Lambooij. "Dat moeten we zien."
Moandei nei de wedstriid tsjin FC Dordrecht (1-1) kaam nei bûten dat Diemers de klup mooglik ferlitte sil oan de ein fan it seizoen. De 32-jierrige oanfierder is net tefreden mei in nije oanbieding fan de klup.
It kontrakt fan de Ljouwerter rint yn de simmer (30 juny) ôf. It is al moannen de fraach oft hy ferlinging krijt by Cambuur.
De kontraktûnderhannelingen rinne stroef, seit Diemers. De klup hat him in kontrakt foar in jier oanbean mei in ferlege salaris, stelt de middenfjilder.
Oft dat kloppet, wol Lambooij net sizze. Op de fraach wat hy derfan fynt dat Diemers nei bûten komt mei it ferhaal, reagearret hy: "We leven in een vrij land en je mag zeggen wat je wilt."
Diemers sjocht it net sitten om in kontrakt foar in jier te tekenjen. "Er spreekt niet veel vertrouwen uit dus dat is niet heel fijn", sei hy earder tsjin Omrop Fryslân.
"Op 32-jarige leeftijd geeft een contract voor een jaar niet veel zekerheid."
It kin dus goed wêze dat Diemers net mei de earedivyzje yn giet. Hy sil de kommende wiken bepale hoe't syn takomst derút sjocht. "Al hoop ik dat de club en ik nader tot elkaar komen, dat is mijn wens."
Diemers hie dit seizoen in grut oandiel yn de promoasje fan Cambuur. De linkermiddenfjilder skoarde sân kear en hie tsien assists.