Miljoenen lokje, mar Baouf bliuwt koel: “Ik haw gewoan in kontrakt”
Folop yn de skynwerpers, in oansteande miljoenedeal en in mooglike WK-gonger by Cambuur: Ismaël Baouf is de revelaasje by de Ljouwerter fuotbalklup.
"It is hiel moai allegear", seit de 19-jierrige Belgysk-Marokkaanske spiler as hy praat oer alles dat hy meimakke hat dit seizoen.
"Mar ik fiel my no net fuortendaliks in stjer."
Baouf docht it sa goed yn de earste divyzje, dat hy yn de belangstelling fan ferskate topklups stiet.
Dêrmei liket de fraach net te wêzen óf, mar wannear't de ferdigener Ljouwert ferlitte sil.
Hy kin Cambuur miljoenen opleverje, mar dêr wol hy sels noch net op foarútsjen.
"Dat wit ik sels ek net, dus dêr kin ik neat oer sizze. Ik ha noch gewoan in kontrakt, dus dat bliuwt stean foarearst."
Baouf wurdt nei alle gedachten de heechst útgeande transfer fan Cambuur ea.
Dat jild hat de klup rap fertsjinne, want hy kaam pas yn de simmer fan 2025 oer fan it Belgyske Anderlecht.
Stoarmeftige ûntwikkeling
Dit jier belibbe hy in stoarmeftige ûntwikkeling. Net allinnich op it fjild, mar ek njonken it fjild. Sa spruts hy yn it begjin min Ingelsk, mar docht hy in pear moannen letter ynterviews yn dy taal.
"Der wiene in hiel soad trainingen en dêr haw ik safolle as mooglik by west. Dus no fiel ik my der ek yn thús en dat is noflik."
De Graafschap - Cambuur live by Omrop Fryslân
Noch twa wedstriden en dan sit it seizoen foar Cambuur der offisjeel op. De klup is al promovearre en kin net mear kampioen wurde.
De wedstriid De Graafschap - Cambuur begjint om 20.00 oere en is live te folgjen fia Omrop Fryslân.
Op de radio op 92.2 FM, en op ús webside is der in livebloch.
Baouf hat in dûbeld paspoart en spilet wedstriden foar it Marokkaanske team. Hy waard yn septimber wrâldkampioen mei de jongerein ûnder 20 jier.
"Dat is foar my noch altyd it hichtepunt fan dit jier. It wie in gekkehûs, mei miljoenen minsken op de pleinen doe't wy in huldiging krigen. Dat wie foar ús hiel bysûnder."
Efkes letter waard Baouf ek selektearre foar it earste team fan Marokko. Hy mocht mei foar oefenwedstriden tsjin Paraguay en Ekwador ein maart.
Sadwaande is hy yn byld foar it wrâldkampioenskip fuotbal yn Amerika dizze simmer.
De fraach is oft hy meigiet en oft hy dan ek spyljen sil. Hy makke yn de oefenwedstriden gjin minuten en bleau op de bank.
Dochs hopet hy syn opwachting te meitsjen op it WK.
"Ik sil der alles oan dwaan om derby te wêzen, want it is wol echt in dream. Ik sil hurd wurkje en mysels sjen litte, dat is wat helpt. Ik gean der echt fol foar."
Finansjele tafaller
Mocht Baouf meigean mei de seleksje fan Marokko, dan soe dat foar Cambuur ek in finansjele tafaller wêze.
In klup krijt 10.000 euro deis foar in spiler dy't aktyf is op it WK.
Technysk manager Lars Lambooij joech sadwaande earder al oan dat Baouf foar it wrâldkampioenskip net ferkocht wurdt. Marokko spilet yn de groepsfaze tsjin Brazilië, Skotlân en Haïty.
Dochs dreamt Baouf foarearst noch efkes troch yn Ljouwert, seit er sels. Cambuur spilet noch twa wedstriden, te begjinnen mei in útwedstriid tsjin De Graafschap.
Oare wike freed wachtet Vitesse en dan is de kompetysje klear. De Ljouwerters binne promovearre, mei troch de sterke wedstriden fan de ferdigener út Marokko.
Blik op de lêste wedstriden
"Dy promoasje wie ek noch in hichtepunt, al wie ik der sels net by."
Baouf moast de wedstriid tsjin FC Emmen (2-4) oan him foarbygean litte, om't hy mei de Marokkaanske seleksje spile tsjin Paraguay.
"Dus it wie dit jier in soad. No de blik noch op de lêste wedstriden, want dy wolle wy gewoan winne. Dêrnei sjogge wy wol hoe't it komt."