Liveblog | 17 april

Lês werom: Seizoen Cambuur giet as in nachtkears út nei nije ferliespartij by De Graafschap (3-1)

SC Cambuur ferlear freedtejûn mei 3-1 fan De Graafschap. Lês hjir it bloch oer de wedstriid werom.

Lêst bywurke: 17 april, 21:49
21:49

Seizoen Cambuur giet as in nachtkears út nei nije ferliespartij by De Graafschap (3-1)

It seizoen fan Cambuur giet as in nachtkears út. Yn Doetinchem wie Cambuur in healoere de bettere tsjin De Graafschap, mar dêrnei feroare it en gie de winst nei de thúsploech: 3-1.
De promovendus út Ljouwert hie yn it earste part fan de wedstriid hast gjin wurk fan De Graafschap. It wie ienrjochtingsferkear nei de goal fan De Graafschap-keeper Ties Wieggers.
Yn de njoggentjinde minút beleane Cambuur dat mei in goal. Jort van der Sande kopte de bal prachtich binnen út in frije traap fan de rjochterkant fan it fjild.
Dêrnei feroare it spulbyld yn it foardiel fan De Graafschap, dat noch yn de race is foar it tredde plak yn de earste divyzje.
Nathan Kaninda skeat yn de 29e minút de lykmakker binnen mei in prachtich skot, Thijs Jansen wie kânsleas.
Krekt foar it skoft waarden de problemen foar Cambuur noch grutter doe't Levi Schoppema nei in moaie rush de 2-1 binnenwurke.
Nei it skoft like Cambuur efkes wat better yn de wedstriid te kommen, mar nei de 3-1 fan Joran Hardeman - dy't tritisch sekonden dêrfoar as wikselspiler yn it fjild kaam - wie it klear.
De Graafschap is wis fan it fjirde plak en spilet nije wike noch om in tredde plakje. Takom freed stiet der noch ien wedstriid op it programma foar Cambuur, dan spilet it thús tsjin Vitesse.
21:49

90+3' It is dien

Cambuur ferliest mei 3-1 fan De Graafschap.
21:46

90' Bram Marsman op de bon

Hy makket in hurde oertrêding en hie dêr miskien wol read foar hawwe moatten.
Der komme trije minuten by.
21:41

85' Fedde de Jong syn wedstriid sit derop

Hy jout syn shirt oan in jonkje dat oan de sydline stiet en giet op de bank sitten. De âld-Cambuurman sil winne fan syn âlde klup.
Milan Smits stiet noch efkes binnen de linen.
21:36

80' Wiebe Kooistra komt yn it fjild

Net Ichem Ferrah, mar Tomas Galvez giet rjochting de kant.
21:29

73' Ek giel foar Amofa

Jamal Amofa rekket syn tsjinstanner krekt te hurd en krijt giel fan Alex Bos.