“Onzekerheid is niet leuk”, seit Boswijk, mar dúdlikens oer opslach munysje bliuwt út
De beëage munysjeopslach yn de Kollumerwaard kriget prioriteit fan Definsje en moat as it heal kin yn 2035 iepen.
It is ien fan de boadskippen fan steatssekretaris Derk Boswijk fan Definsje oan de omwenners fan de Kollumerwaard.
Boswijk kaam woansdei nei it terrein fan it eardere krûdfabryk ta om te praten mei omwenners en om te sjen wat de ympakt fan de plannen út it Nationaal Programma Ruimte voor Defensie (NPRD) is.
In soad nijs hie de steatssekretaris net te fertellen, seit Jan Willem Bakker fan de wurkgroep Verknal de Kollumerwaard Niet.
"Er blijven onzekerheden. We kunnen hier blijven wonen en werken, maar verder wordt het lastig."
In bedriuw útwreidzje wurdt dan dreech.
De opslach
Definsje wol yn de Kollumerwaard, op it plak fan it eardere krûdfabryk, in munysjeopslach oanlizze.
It giet om munysje foar de SIC, de Snel Inzetbare Capaciteit. It giet om 480 seekonteners. No sit op it terrein in fjild foar airsoft, in realistyske sjitsport dêr'tst mei lytse biologysk ôfbrekbere kûgels sjitst.
Bakker en de oare omwenners sjogge dat it proses no geande is.
"Woorden en daden hè, we hopen op een goede start."
Wat helpt, sa tinkt Bakker, is dat de steatssekretaris doel hat oer lânbou. Hy wie earder de lânbouspesjalist fan it CDA.
"Voor ons zou het mooi zijn als hij er een tijdje zit", seit Bakker. Benammen ek omdat it gebiet yn Noardeast-Fryslân net altyd skerp op de Haachske radar stiet.
"We zitten hier op het grensgebied. In Groningen zie je veel gebeuren als het gaat om aardbevingsschade. Hier, in Noardeast, wordt nu het meeste gas van Nederland gewonnen. Dit gebied komt er bekaaid vanaf."
Dat boadskip hat ek boargemaster Johannes Kramer fan Noadeast-Fryslân oerbrocht oan de steatssekretaris.
'Gjin Aerdenhout'
"It is hjir gjin Aerdenhout. It hat in relative efterstân mei de rest fan it lân. De leanen lizze hjir leger, de skoalle stiet leech, mar der wurdt wol gas út de grûn helle."
Kramer fynt dan ek dat as Definsje komt, de omjouwing dêrfan profitearje moat: "Gedraach dy as in gast en soargje dat it gebiet better wurdt."
De regio voelt zich vaak terecht genegeerd vanuit de Randstad.
Steatssekretaris Boswijk koe gjin tasizzingen dwaan. Hy kaam dêr om te harkjen nei de omwenners en ek om goed mei harren yn de kunde te kommen.
Dúdlikens jaan kin hy net. "Maar het is wel mijn voornemen om dat dit jaar te doen. Dat moeten we ook wel, want onzekerheid is niet leuk. Ik begrijp de zorgen van de mensen hier heel goed."
Boswijk stelt ek dat der in dield belang is.
"Wij willen snelheid maken, omwoners willen snel duidelijkheid. Het moet alleen wel nauwkeuring en goed gedaan worden."
Dêr ha omwenners begryp foar, neffens de steatssekretaris.
Kommunisearje
It belangrykste boadskip dat hy meikrigen hat, wol Boswijk dan ek graach yn de praktyk bringe: "Veel communiceren en mensen meenemen."
Benammen ek omdat hy sjocht dat Definsje in soad freget fan de noardelike regio's, mei oefeningen yn it gebiet en de plannen út it NPRD.
"Dat geeft extra inspanning om wat te doen. De regio voelt zich vaak terecht genegeerd vanuit de Randstad. Ik zie dan ook dat wij een extra inspanning moeten leveren."
Ein dit jier hopet Boswijk de definitive plannen klear te hawwen, sa't dúdlik wurdt wat de eksakte ympakt wurdt foar omwenners.